Ferry de Haan ferwachtet basisplak foar Noppert yn Oranje: "Ik zet m'n geld op Andries"

It is wer safier: ús lân hat wer in nasjonale keepersdiskusje. Wa moat by it Nederlânsk alvetal op 'e goal stean no't Justin Bijlow blessearre is? As direkteur Ferry de Haan fan sc Hearrenfean de bûnscoach wie, dan hie er foar Andries Noppert keazen.
Tongersdei en snein spilet Oranje twa wichtige kwalifikaasjewedstriden foar it Europeesk kampioenskip fan folgjend jier. Noppert is ien fan de trije keepers dy't oproppen is, njonken Mark Flekken (Brentford) en Bart Verbruggen (Brighton).
Fansels is De Haan as direkteur fan Hearrenfean kleurd, mar ek as er sûnder Feanster bril nei de seleksje fan Oranje sjocht, fynt er dat Noppert keepe moat. "Ik zet m'n geld op Andries. Hij heeft het WK goed gedaan. En ik denk dat hij goed bij de jongens ligt, dus ik zie geen reden dat er, buiten Bijlow, voor een ander gekozen wordt."
Kontraktferlinging
Ofrûne freed waard bekend dat Hearrenfean it kontrakt fan 'De Tower fan De Jouwer' ferlinge hat oant en mei 2027. "Wij zijn blij en trots dat hij voor een langere periode vastligt", seit De Haan dêroer.
Dochs is it ek wol opfallend. Noppert keepte yn novimber ferline jier in sterk WK en de ferwachting wie dat hy rap oerstappe soe nei in gruttere klup. Mar de lêste twa transferperioades hat him gjin inkelde klup meld by Hearrenfean om Noppert oer te nimmen.
"Ja, dat verbaast mij ook", fynt De Haan. "Zeker gezien zijn kwaliteiten en het WK als podium waarop hij gespeeld heeft."
"Nog niet goedgevuld"
Dochs hat de algemien én technysk direkteur dêr wol in ferklearring foar. "Zijn cv is buiten een WK nog niet goedgevuld. Een heel seizoen in de Eredivisie heeft hij. mede door blessures, nog niet achter de rug. Dat moet hij wel gaan doen."
De Haan ferwachtet lykwols dat it momentum foar in transfer fan Noppert der noch wol komt. Hielendal as er by it Nederlânsk alvetal opsteld wurdt, no't Bijlow blessearre is. "Nu is de kans dat hij aan bod komt bij Oranje weer gestegen. Als hij dat goed doet en Nederland kwalificeert zich voor het EK, dan komt dat moment weer terug."
Alex Bangura stond op ons lijstje.
De lêste dagen fan de transferperioade wiene foar Hearrenfean minder hektysk as foar Cambuur. Dochs is De Haan oant de dei fan hjoed noch dwaande. Sa hat er Tibor Halilovic sliten oan Dinamo Zagreb. Al hat Hearrenfean neffens De Haan noch wol in trochferkeap-persintaazje regele.
By Cambuur gie Alex Bangura fuort. Neffens Ingelske boarnen hat Middlesbrough sa'n 1,1 miljoen euro foar de linkerferdigener betelle. De Haan jout ta dat Hearrenfean ek belangstelling hân hat: "Hij stond op ons lijstje, maar 1,1 miljoen euro gaan we niet betalen voor een linksback."
Boppedat fûn De Haan dat Bangura syn bêste foarm al in skoft net sjen litten hat. "Afgelopen seizoen vond ik hem minder. Het jaar daarvoor vond ik hem wel echt heel goed", seit de 50-jierrige âld-fuotballer.
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.