Oprjochter Linda Terpstra nimt ôfskied fan Fier: "Cliënt is geen probleem, maar mens"

Linda Terpstra hat fan 'e wike mei in sympoasium ôfskied naam fan Fier. Sy is tegearre mei Anke van Dijken de oprjochtster fan Fier, it ekspertizesintrum foar minsken dy't te krijen ha mei geweld yn ôfhinklikheidsrelaasjes. Fier is ûntstien út de frouweopfang en de 'blijf-van-mijn-lijf'-huzen.
In soad froulju en bern dy't opfongen wiene, kamen letter wer werom yn de opfang. Ut ûndersyk die bliken dat 90 persint van de persoanen geastlike sûnensproblemen hie, dêr't dúdlik mei waard dat net allinnich opfang nedich wie, mar ek behandeling. En dus waard der in behannelsintrum oprjochte.
Omdat de namme 'Vrouwenopvang' net mear de lading dekte fan de help dy't bean waard, waard de namme yn 2007 feroare yn Fier Fryslân.
Yn 2012 krige Fier Fryslân in plakje yn in nij ûnderkommen: de Veilige Veste. Yn dat jier waard ek in twadde Veilige Veste iepene yn Capelle aan den IJssel en wer trije jier letter waard it Landelijk Steunpunt Extremisme oprjochte yn de omkriten fan Utrecht. Omdat de help no lanlik oanbean wurdt, is de namme feroare yn Fier.
Ze zijn niet een probleem, maar in de eerste plaats mens.
Dy namme betsjut 'grutsk'. "Wij willen de mensen die hier komen weer fier maken, we willen ze rechtop zetten en toekomstbestendig maken", seit Linda Terpstra.
De holistyske fisy is dêrby wichtich. Terpstra: "We zien de mens als totaal. Hoe ziet jouw leven eruit en wat heb jij nodig om erbovenop te komen? Onze cliënten hebben wel een probleem, maar ze zíjn niet een probleem. Ze zijn in de eerste plaats mens."
Terpstra en Anke van Dijken binne ferantwurdlik foar dy hiele ûntwikkeling en feroaring fan de helpferliening en opfang yn de rin fan de jierren. Sy binne de 'founding mothers'.

"Het is als met mijn kinderen, die intussen volwassen zijn en op een manier in het leven staan waarvan ik denk: missie voltooid. Ook bij Fier denk ik: missie voltooid", seit Terpstra.
Transformaasje
Terpstra sels neamt it gjin ôfskied. "Ik zie het als een transformatie. Ik stop met mijn rol als bestuursvoorzitter van Fier, maar mijn carrière stopt niet. Het is verweven met wie ik ben en dat gaat over betekenisgeving."
Als er een beroep op mij wordt gedaan, zal ik dat altijd doen.
Sa sil Terpstra trochgean mei har frijwilligerswurk op Curaçao en Aruba. Op Curaçao wurket se foar in krisisopfang en op Aruba foar in bernetehûs. Dat dat banen binne op de Antillen is net tafallich. Se is sels berne op Curaçao en is boppedat fan miening dat de lannen dy't by it 'Koninkrijk der Nederlanden' hearre, elkoar helpe en stypje moatte.
It soe ek noch wolris wêze kinne dat Terpstra dochs wer yn in bepaalde rol weromkomt by Fier. "Als er een beroep op mij wordt gedaan, door Anke of een van de managers, dan ligt deze organisatie mij zo nauw aan het hart dat ik dat altijd zal doen."
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.