Jouke Spoelstra (CDA) wol mei foarkarstimmen de Twadde Keamer yn

CDA-wethâlder Jouke Spoelstra fan Achtkarspelen begjint in aksje om mei foarkarsstimmen yn de Twadde Keamer te kommen. Spoelstra is troch syn partij op plak 11 setten en is dêr op him sels bêst grutsk op.
Peilingen foarsizze op it stuit lykwols net mear as fiif of seis sitten foar syn partij. "At jo der dus yn komme wolle, moat der wol wat barre."
Regiokandidaat
Jouke Spoelstra wol him benammen profileare as in Fryske regiokandidaat. "Ik sjoch dat der in soad misgien is yn Den Haach de lêste jierren. Ek myn partij hat dêrby flaters makke. Ik ha altyd leard dat at jo wat feroarje wolle, dan ek sels nei foaren stappe moatte. As fuotballer wit ik dat jo allinnich skoare kinne en it spul beynfloedzje at jo op it fjild stean."
Jo kinne allinnich skoare at jo op it fjild stean.
"Mei myn ûnderfining as wethâlder, mar ek as ynwenner fan Droegeham sjoch ik wat der allegear spilet op it plattelân. Dêr sit in belangryk stik fan myn motivaasje. Mar ik bin koartlyn ek heit wurden fan in dochterke. Ik wol graach dat ek sy gelokkich opgroeie kin yn Droegeham. Dat sy hjir nei skoalle kin, it iepenbier ferfier pakke kin en dat se hjir boadskipje kin by de lokale supermerk."
Jouke Spoelstra (CDA) fertelt oer syn aksje yn Buro de Vries
Spoelstra is him bewust fan it feit dat der ek negative kanten oan it wurk fan in keamerlid sitte, al ha jo dat -neffens him- oeral wol. Dochs wie foar him de ôfstimming mei it thúsfront oer dizze stap hiel wichtich. "Gelokkich stypje se my hjir by."
Neffens de populêre wethâlder út Droegeham stiet de ploech foar syn griene CDA-kampanje noch 'yn de stalling', mar komme se dêr gau út. Spoelstra seit mei in ludike toernee troch Fryslân te kommen wêryn sportferienings in wichtige rol spylje, "Want krekt dêr fine jo in soad fan de krêft fan ús mienskip!"