Aktrise Nynke Heeg oer de selsdeading fan har man: "Ik wie twa jier lang beferzen"
Hoe geane je om mei it ferlies fan in partner dy't himsels tekoart dien hat? Hoe begjinne je it petear mei neibesteanden? Aktrise Nynke Heeg, dy't sels har man ferlear troch selsdeading, fertelt har ferhaal.
Se hat it sels leaver oer in selsûngelok. Aktrise Nynke Heeg wit seker dat har man Richard te folle fan har, de trije jonges en it libben hold om dea te wollen. En dochs die har man himsels tekoart, no twa jier lyn.
Tongersdei is Nynke Heeg ien fan de sprekkers by Walk into the light yn Drylts. Op ferskate plakken yn ús lân wurdt der nei it ljocht ta rûn - de opkomst fan de sinne - om oandacht te freegjen foar selsdeading.
"Ik hie der leaver net stien", seit se. Mar dat jildt neffens har foar eltsenien dy't der tongersdeitemoarn by is.
Nynke Heeg oer de selsdeading fan har man
Twa jier lang wie der stilte. Lykas de piip nei in bomynslach, fertelt Heeg by har thús. "Ik wie beferzen." Se hie tocht yn te stoarten, mar se koe hannelje. Foar de trije jonges soargje. Fansels, dy komme altyd earst. "Ik bin mem en heit tagelyk."
It skuort har dertroch. Fiele slagge lange tiid net. Ek al is har lichaamlike reaksje heftich. Hyperfentilearjend wekker wurde, it twa jier lang hiel kâld hawwe, somtiden letterlik net yn beweging komme kinne. It liif dat net de auto starte kin, wylst de holle ropt 'toe dan'."
Harkje hjir nei de reportaazje mei Nynke Heeg út Buro de Vries
No komt it wer. Yn weagen. It fielen. Nei fysyk oan de gong west te hawwen mei in ferbouwing. Dat oan de gong wêzen hat wol holpen. Want hoe moatte je rouwe, frege se har ôf.
Delkomme mei in panne iten
"Sis my dat ik tsien kear it lân omploegje moat mei bleate hannen en ik doch it." Mar der is neat wat je dwaan kinne. Ja, de tiid útsitte, of sa. Minsken sizze dat se altyd belje of delkomme meie. Mar dat helpt net. Delkomme mei in panne iten foar har en de jonges wól. Stomme fragen stelle mei ek. Stammerje.
En ach, se begrypt ek hiel goed dat minsken it dreech fine. Dat is miskien ek wol ien fan de redenen dat se wat diele wol mei alle minsken dy't meidogge oan de kuiertocht. Diele is goed.
Deroer prate is goed. Se kin wer genietsje fan it moaie útsjoch dat se hat. De sinne dy't no sa moai skynt.
Under de parrebeam
Se sjocht nei de parrebeam yn de tún. Miskien wol wat symboalysk, seit se. Hy stiet der al wol 100 jier. Sy en Richard binne derûnder troud. Hy hat stoarmen trochstien. Dit jier moast der foar it earst stipe wurde.
De beam draacht de parren noch altyd, se lykje wol grutter en mei mear as oars. "As woe er sizze: toe mar, draach it mar, mei in bytsje stipe kinne wy dat wol."
Tinkst oan selsdeading of makkest dy soargen om immen? Prate oer selsdeading helpt en kin anonym. Chat fia www.113.nl of belje fergees 0800 - 0113.