Helpferliening mei previnsjebus troch Fryslân tsjin suïside
Fierwei de measte selsdeadingen yn Fryslân bliuwe bûten byld fan de ggz. Dat docht bliken út ûndersyk. Yn Fryslân giet it om 70 persint, 10 persint heger as it lanlike trochsneed.
Helpferliening giet mei in previnsjebus troch Fryslân:
"Dat hat te krijen mei de kultuer hjir yn Fryslân," tinkt psychiater Agnes de Groot. "Friezen prate net sa gau oer dit gefoelige tema en diele dat dus net mei oaren, wylst dat sa wichtich is. Ferline jier diene 76 minsken yn Fryslân harren tekoart."
Regiotoer
Om minsken mei suisidale gedachten te berikken giene saakkundigen fan de GGD en ggz op regiotoer troch de provinsje. Sa giene de saakkundigen sop besite by de gemeenten Ljouwert, Hearrenfean, Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel.
"Praat der oer"
It doel is om úteinlik echt yn kontakt te kommen mei minsken dy't gjin útwei mear sjogge. "Praat der oer", seit De Groot. "Faak binne de sinjalen dúdlik. Mismoedigens, mar ek oare problemen lykas skieding of ûntslach, kinne minsken safier driuwe dat se de dea as iennige oplossing sjogge. Wy moatte se hope jaan en sjen litte dat der ek in oare wei is."
Kampanje
Op 10 septimber is it World Suicide Prevention Day. Ynkoarten set GGD Fryslân útein mei in kampanje foar jongelju. Oant no ta lei de klam op oare risikogroepen lykas boeren, fiskers en mannen fan middelbere leeftiid. "As jongelju mei suisidale gedachten net gau holpen wurde, kinne dy gedachten letter werom komme. Dat wolle wy foarkomme", seit Sanne Riemersma fan de GGD.
Hasto help nedich? Belje 0900 - 0113 of chat online op www.113.nl (24 oeren en 7 dagen yn de wike berikber)