Bankjes yn Achtkarspelen om selsdeading foar te kommen

It bankje © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Achtkarspelen set bankjes yn om petearen oer selsdeading op gong te bringen. Op de bankjes dy't yn elts doarp fan de gemeente steane, stiet de tekst 'Een goed gesprek begint met iemand écht zien'. Prate helpt, sa is de gedachte.
By it Hertenkamp yn Súrhusterfean nûget in bankje út om te praten. Wethâlder Tjibbe Brinkman fan Achtkarspelen hat it juster ûntbleate. "Al sille we dar mar ien mei rêde. It is tige wichtichj om it petear oan te gean en it besprekber te meitsjen", seit Brinkman.
Bankjes yn Achtkarspelen om selsdeading foar te kommen
"Ik wit hoe belangryk oft it is om heard te wurden. Dizze bankjes kinne dêroan bydrage." Ferline jier diene yn Fryslân 77 minsken harren tekoart. Achtkarspelen sprong der neffens de wethâlder negatyf út. "Mooglik binne minsken hjir te sletten om soks mei inoar te dielen."

GGD wol it op mear plakken

Achtkarspelen is de earste gemeente yn Fryslân mei dizze bankjes. Wat de GGD oanbelanget, folget de rest fan de provinsje.
"De bankjes zijn een uitstekende mogelijkheid om elkaar te ontmoeten en te praten. Dat is erg belangrijk. Mensen denken vaak dat je mensen op verkeerde gedachten en ideeën brengt door erover te praten, maar het tegendeel is waar. Het helpt juist wanneer je het deelt", seit Corien Bonnema fan de GGD Fryslân.
Tinkst oan selsdeading of makkest dy soargen om immen? Prate oer selsdeading helpt en kin anonym. Chat fia www.113.nl of belje fergees 0800 -0113.