Rini van Dam skriuwt boek oer selsdeading fan har man en dochter

Selsdeading is ferskuorrende swier foar neibesteanden. Wêrom? Wat hie ik dwaan kinnen? Wat ha ik net sjoen? Fragen bliuwe oer en fertriet, lilkens en machteleasheid. It oerkaam Rini van Dam fan Snits twa kear.
Yn 1981 docht har man IJpe himsels tekoart. Op in tongersdei. Tsien jier letter har dochter Sannison. Se is noch mar 16 jier. Ek op in tongersdei. Rini fertelt har ferhaal yn it boek Donderdagen. Oer wat dit mei je libben docht, hoe't de wrakseling mei jesels is, de ferstoarne leafste en bern, mar ek de omjouwing.

Rini van Dam is 32 jier as se nei in jierrenlange driging úteinlik har man ferliest. Hy docht himsels tekoart. Faak drige er dermei, hy wie ek depressyf en agressyf tsjin de jonge mem.
Oan de bûtenkant like alles gewoan
Jierrenlang rûn Rini der allinnich mei om. Oan de bûtenkant like alles gewoan: in jonge húshâlding op it plattelân. IJpe is in dierber persoan yn it doarp en de omjouwing. Efter de húsdoar giet it lykwols faak oars.
Hy is jaloersk, bytiden gewelddadich tsjin syn frou. En oan de oare kant ek wer in leave heit en nei útbarstingen hat er ek wer spyt. Foar de jonge frou is it in libben tusken eangst en hoop.
Se besiket alles om it te rêden. Foar harsels, mar ek foar har twa jonge bern. Serge is de âldste, Sannison de jongste. Se is adoptearre troch it jonge pear.

Foar Rini is it oerlibjen. Se fielt har hieltyd minder minske, ferdwynt eins. Se is machteleas, fertrietlik, fielt har skuldich en skammet har foar de situaasje. Oant der in punt komt dat se net mear kin. Se flechtet mei de bern nei freonen.
En dan bart dêr't se altyd benaud foar wie. IJpe wurdt fûn op de pleats. Dea. Noch gjin 35 jier âld. Hy hat dien wat er altyd sein hie.
Mensen wisten meteen dat ik de schuldige was. Maar ik wist dat ik heel erg mijn best had gedaan om hem erbij te houden, om hem in leven te houden.
Foar Rini en de bern begjint in swiere perioade fan ferwurking en fertriet. De omjouwing reagearret net al altyd like freonlik. Guon jouwe har de skuld en sjogge it har oan. Dat docht noch folle searder. De relaasje mei de famylje fan IJpe giet stikken. De bern lije derûnder.
"Mensen wisten meteen dat ik de schuldige was. Maar ik wist dat ik heel erg mijn best had gedaan om hem erbij te houden, om hem in leven te houden."
De rêding foar har binne de pear freonen dy't bliuwe, waarmte jouwe en helpe. Sa komme se der stadichoan wer in bytsje boppe-op.
Rini fynt har gelok mei in âlde freon, Herman. Se foarmje in gesin mei noch in pleechbern derby: Issa. Der komme bettere tiden. Se ferhúzje nei Snits. It libben liket moai.
Bal yn de búk
Al hat Sannison as jong famke bytiden wol bot lêst fan it gemis fan har heit en beneamt se it as 'in bal yn har búk'. Pinebúk hat se. As puber bloeit it famke op. Se hat freonen, giet nei skoalle, sit op de muzykskoalle en begjint te puberjen. Eins ta blydskip fan Rini en Herman. It leave famke wurdt wat opstanniger.
En dan komt de dei dat it misgiet. As tongerslach by heldere himel. Sannison giet nei in lyts ynsidint nei boppen, har keamer. Mem Rini stjoerde har derhinne. Foar it earst yn har libben. Se heart noch in 'bonk' as se pleechsoan Issa ophellet.
As der iten wurde moat roppe se nei boppen. Der komt gjin antwurd. Herman fynt Sannison. Dea op har keamer. Se hat harsels tekoart dien. It alderslimste dat in minske oerkomme kin bart. Net troch in ûngelok of sykte, mar troch de eigen kar op hokker wize dan ek. "Je krijgt levenslang. Dat wat je zo dierbaar is, is weg. Zomaar, ineens. Hoe moet je daar mee verder leven?"

It is in fertriet dat altyd bliuwt. Der is altyd in rûs. Genietsje slagget, mar docht tagelyk ek sear. En dochs fynt Rini wer de krêft om troch te libjen. Foar de oare bern, mar ek foar harsels. Nei de selsdeading fan Sannison wie de waarmte om harren hinne safolle grutter as by de dea fan har man.
Rini van Dam oer it boek Donderdagen
"Het was een warme deken, een warm bad dat over ons heen kwam. Zoveel lieve mensen, zoveel lieve kinderen. Dat helpt. Maar het gemis blijft, altijd."
Se pakt de byldzjende keunst op. Ien fan har earste bylden dy't se makket is in symboal fan it libben fan Rini. Se hie in idee oer hoe't it wurde moast. Mar doe die bliken dat der in swak punt yn siet. Der kamen skuorren yn. Eins woe se it fuortsmite. Mar úteinlik makke se it wer.
Boek
It boek lei der al jierren. No is it de tiid om it te publisearjen. Ek as boadskip foar minsken dy't soks meimeitsje oan de sydkant. Minsken ha hiel gau harren oardiel klear oer oarsaken en skuld. "Mensen stellen geen vragen, maar trekken zelf conclusies. Dat gaf mij een machteloos gevoel. Mijn boodschap is: oordeel niet, kom niet met die dooddoeners."
It boek Donderdagen is útjûn by útjouwerij Anderszins. It komt op 25 septimber út.
Ha jo nei oanlieding fan dit ferhaal ferlet om mei ien te praten, dan kinne jo kontakt opnimme mei it nûmer 0800 - 0113.
Se pakt de byldzjende keunst op. Ien fan har earste bylden dy't se makket is in symboal fan it libben fan Rini. Se hie in idee oer hoe't it wurde moast. Mar doe die bliken dat der in swak punt yn siet. Der kamen skuorren yn. Eins woe se it fuortsmite. Mar úteinlik makke se it wer.
Boek
It boek lei der al jierren. No is it de tiid om it te publisearjen. Ek as boadskip foar minsken dy't soks meimeitsje oan de sydkant. Minsken ha hiel gau harren oardiel klear oer oarsaken en skuld. "Mensen stellen geen vragen, maar trekken zelf conclusies. Dat gaf mij een machteloos gevoel. Mijn boodschap is: oordeel niet, kom niet met die dooddoeners."
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis.
De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.