Omrop Fryslân

It libbensferhaal fan Grietine Molenbuur: "Ik bin in selfmade woman"

Grietine Molenbuur foar har bertehûs yn Eastrum
© Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
Se hat de moderne dûns yn Fryslân op de kaart set. En dat die se troch gewoan te begjinnen. Want Grietine Molenbuur is in pionier. Se is de oprjochtster fan de Jeugd Dans Opleiding en fan de dûnsoplieding foar mbû. Mar har libbenswurk is dûnsgroep Duende.
Molenbuur is no 74 jier en al lang mei pensjoen, mar se giet noch altyd dûnsjend troch it libben. Ynkoarten giet se nei Súd-Afrika ta om dûnsles te jaan oan bern. Dat docht se foar bernefûns MAMAS.
As jong famke koe Molenbuur al net stilsitte. Se komt fan in muzikale famylje. De ien spile piano, de oare akkordeon en sels spile se fioele. "Dat wie net myn bêste keuze yn myn libben", laket se. "Ik fûn it fierstente folle stilstean, ik moast op de kop."
We seagen fan út ús hûs de grêven lizzen fan Greetje en Wiebe, se wiene altyd by ús.
Grietine Molenbuur oer har ferstoarne sus en broer
Molenbuur waard yn 1949 berne yn Eastrum as fjirde bern. Heit wie bakker, de bakkerij stie flak neist de tsjerke yn it doarp. It wie in iepen gesin, elkenien waard frijlitten yn syn dwaan en litten. Wat se ek dienen, heit en mem stipen alle bern mei in soad entûsjasme. "Se wiene der altyd, se ha nea wat mist."
Mar it gesin hat in soad fertriet kend. It âldste famke, Greetje, is as baby ferstoarn oan de gefolgen fan it pokkefirus. Sa no en dan gie it mis mei dy faksinaasjes, fertelt Molenbuur. De húsdokter hie de yninting jûn, wie de doar noch net út en doe wie it famke al ferstoarn.

Grut fertriet

De tredde soan, Molenbuur har broer Wiebe, ferstoar op 9-jierrige âldens by it reedriden. Hy sakke troch it iis en ferdronk yn in wek. "Ik kin my noch hiel goed heuge dat in man it paadsje op kaam en dat wy fielden: der is wat gebeurd", fertelt Molenbuur. Se wie doe seis jier.
De twa ferstoarne famyljeleden wienen noait fier fuort. "We seagen fan ús hûs út de grêven lizzen fan Greetje en Wiebe, se wiene altyd by ús."
Leaver harkje nei it libbensferhaal fan Grietine Molenbuur? Dat kin hjir.
Oan it ferlies fan Wiebe hat sawol har heit as Molenbuur sels in libbenslange ûngerêstens oerhâlden. "As myn broers Willem as Bertus mei fakânsje binne, wol ik elke dei in appke ha." Sa wit se dat alles okee is.
Grietine Molenbuur op de legere skoalle
© Grietine Molenbuur
Molenbuur wie fan de sportive kant, hong de fioele yn de wylgen en pakte it turnjen op. Al gau turne se op topsportnivo: doe't se 15 jier wie, waard se Nederlânsk kampioen.
Troch in blessuere stapte se oer nei ritmyske gymnastyk. Se hat twa kear meidien oan in WK en dêr seach se hoe profesjoneel benammen de Eastbloklannen mei dy sport dwaande wiene.
"Wy prutsten mar wat", sa sjocht Molenbuur werom op dy tiid. Tegearre mei har trainster hat se it ritmyske gymnastyk fierders ûntwikkele yn Nederlân. Se fûn benammen it wurkjen mei muzyk moai, en sa ûntstie de leafde foar moderne dûns.
Grietine Molenbuur
© Grietine Molenbuur
De leafde brocht har nei Italië. Nei har topsportkarriêre gie se yn 1973 wenjen by de famylje fan har Italiaanske freon, yn it Dútsktalige gebiet fan Noard-Italië. Se waard fuortendaliks opnaam yn it gesin.
En wer koe se net stilsitte: se gie yn de polityk - de frouljusbeweging - en sette in dûnsskoalle op. De relaasje hâlde net lang stân, en Molenbuur gie werom nei Nederlân. Mar Italië waard wol in twadde thús. Molenbuur giet noch geregeld dy kant op, op besite by freonen en de famylje fan har eks-freon.
In jonge Grietine Molenbuur docht in oefening mei linten
© Grietine Molenbuur
Werom yn Fryslân folge Molenbuur in oplieding by it CIOS en kaam der al gau achter dat der gjin oandacht wie foar moderne dûns. En dus begûn se dêr sels les yn te jaan. "Ik ha gjin oplieding dien yn dûns, mar ik bin einliks in selfmade woman. Ik bin wol ien dy't pionieret en fan alles begjint."
En sa joech se les op it CIOS yn moderne dûns. Letter sette se de Jeugd Dans Oplieding op, krekt as de mbû-oplieding dûns en dûnsgroep Duende.
Buro de Vries siket dizze simmer libbensferhalen op fan bekende(re) Friezen en Friezinnen op leeftiid. Se sjogge werom op har jeugd en wat dat foar ynfloed hie op har libben.
De libbensferhalen binne sneins om 12.00 oere op de radio te belústerjen en ek fia de podcast-app fan Buro de Vries.
Dûnsgroep Duende is Molenbuur har libbenswurk. De amateurdûnsgroep wie aktyf yn de tachtiger en njoggentiger jierren en waard bekend om de foarstellings op lokaasje.
De dûnseressen fan Duende dûnsen net allinnich yn teäters, mar ek yn it lân, middenyn de stêd, op in skip. Se wiene oeral te finen en brochten de moderne dûns letterlik nei it Fryske lânskip en de minsken ta.
Foar Molenbuur wie Duende it platfoarm dêr't se al har kreativiteit yn kwyt koe. It ûntwikkeljen fan de goreografy, it útsykjen fan de muzyk, moaier is der net neffens Molenbuur. "Soms binne je emosjoneel yn de seal, dan tinke je: o wat moai, dat kreëarjen fan wat moais!"
En heit en mem Molenbuur wiene der altyd by. In foarstelling koe pas echt begjinne as heit en mem der wienen. En dat wisten alle dûnseressen ek. "Heit en mem binne der!" gûnze it troch de seal. Dan koe de foarstelling pas echt begjinne.
Grietine Molenbuur har dûnsgroep Duende
© Grietine Molenbuur
It hurde wurkjen begûn fyftjin jier ferlyn syn tol te easkjen. Grietine krige in burnout en rekke yn in swiere depresje. "Der wiene gewoan stofkes út myn holle fuort fanwege it hurde wurkjen altyd", fertelt se.
It is de donkerste perioade yn har libben. It fertriet fan foarhinne, it ferlies fan har broerke Wiebe kaam werom. Mei help fan psychologen, freonen en famylje is se út dat djippe gat klommen.

Molenbuur dûnset troch

Molenbuur is no mei pensjoen, mar kin noch altyd net stilsitte. Se docht frijwilligerswurk by de Harmonie en Slieker. Se sit yn it bestjoer fan it Prins Bernhard Cultuur Fonds en no giet se dus foar bernefûns MAMAS nei Súd-Afrika ta om bern dûnsles te jaan. Molenbuur dûnset noch wol even troch.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.