It libbensferhaal fan Freark Smink: "Ik ferwûnderje my eltse dei oer it bestean"

Mei akteur en toanielskriuwer Freark Smink troch Sondel rinne, dat is in tocht troch it ferline. It is it doarp dêr't er hikke en tein is. Mar dochs is dat ferline foar him net fier fuort.
Yn syn lêste foarstelling Wat soesto! sitte in soad autobiografyske eleminten. De haadpersoan hat in muoisume relaasje mei syn heit. Dat hie Freark ek.

Freark is de âldste soan yn in húshâlding fan njoggen bern en waard berne op 28 maart 1948. Hy kaam út in ortodoks herfoarme húshâlding. Twa kear sneins gie de famylje nei it lytse tsjerkje midden yn it doarp.
"Ik móast derhinne", seit Smink dêroer. "Letter haw ik der wol foar soarge dat ik der net wer kaam. Ik kin net safolle yn 'e tsjerke fine. Net dat ik net leau, hear: ik haw myn eigen tinken wol en myn eigen ferwûndering dy't ik yn bûsen fol mei mysels meidraach. Mar ik kom noait yn tsjerke."
Leaver harkje nei it libbensferhaal fan Freark? Dat kin hjir
Tusken it âldste en jongste bern yn de húshâlding siet wol tweintich jier. Smink waard noch berne yn de bedstee. "Op in sneintemiddei om 16.00 oere. Ik bin in sneinsbern."
Heit wie autoritêr
Dy ferwûndering dielde hy mei syn mem Romkje, dêr't hy in goeie bân mei hie. Mei syn heit wie dat oars. Heit Siemen wie autoritêr en liet gjin tsjinspraak ta.
Neffens Freark hawwe de âldste bern fan de húshâlding Smink in hiele oare heit meimakke as de jongere bern.
Heit wie betochtsum, mar foar de âldste jonges ek strang. Sy waarden wolris slein. Foar de jongere bern wie heit mylder. Hy die spultsjes mei se, eat wat Freark him net yntinke koe.

In grut fertriet wie it ferûngelokjen fan Freark syn jonge broerke Willem. It 4-jierrige jonkje waard op de dyk foar de pleats troch in auto oanriden. Mem hat der altyd fertriet om hân, doe't se hast 85 wie, skriemde se noch om lytse Willem, sa fertelt Freark.
Heit koe him net uterje. Heit prate net. It jonkje dat nei Willem berne waard krige wer de namme Willem. Freark smeke om dat net te dwaan, mar heit wie net op oare gedachten te bringen. Heit wie in tradisjoneel man.
Argewaasje
De drege relaasje mei syn heit hat Freark brûkt foar it toanielstik Wat soesto!. Doe't it stik yn doarpshûs De Bining yn Sondel opfierd waard, kaam der famylje sjen. It stik joech argewaasje, benammen fanwegen de autobiografyske eleminten.
Guon famyljeleden wiene lilk oer de wize wêrop't heit Smink portrettearre waard. Se koenen harren heit net yn it stik werom en fûnen dat Freark de 'smoarge wask' bûten hong. "Sy stuiteren deroer; dat Freark it sa spilet. Sy hiene it leaver net wollen. Mar myn broer Ale sei: Freark liicht net."

"Ik hie noait tocht dat ik toanielspiler wurde soe", seit Smink, mar dat barde al. Yn it Lokaaltsje yn Sondel stie Smink foar it earst op it toaniel, doe't er noch mar in jie as tolve wie. Letter lies er dêr ek wol gedichten foar.
Yn tsjinstelling ta it stik Wat Soesto!, woe Freark as âldste boeresoan syn heit net opfolgje. Hy gie nei de kweekskoalle en waard skoalmaster. Syn earste baan wie skoalmaster op de kristlike skoalle fan Hidaard.

Letter krige hy in baan yn Grou. Hjir waard er frege foar it kritetoaniel en sa kaam hy yn de teäterwrâld terjochte. Hy spile by Tryater en krige hieltyd mear rollen yn films en telefyzjesearjes. Sa spile hy yn De Dream, Amsterdamned en Baantjer, om mar in pear te neamen.
Mar dochs woe Freark net út Fryslân wei. Hy woe hjir spyljen bliuwe. Yn it Frysk. By Tryater en letter Pier21, dêr't hy skittere yn De Emigrant en Wat soesto!.
Hé Sybe!
By Omrop Fryslân waard hy bekend mei programma's as Radio Yllegaal en Sybe Satellyt. Kloften skoalbern groeiden op mei de aventoeren fan Sybe en syn hûn Sjef.

"Sybe is ferwûndere oer de hiele wrâld dy't op him ôfkomt", sa seit Smink it. Skoalbern rekken ek ferwûndere oer de wrâld fan Sybe Satellyt. Noch altyd roppe minsken 'Sybe' as se Freark rinnen sjogge.

Freark moete syn hjoeddeiske partner, aktrise en toanielskriuwster Klaasje Postma, op it toaniel yn Grou. Tegearre spilen se by Tryater. It waard foar beiden it twadde houlik, beiden hiene se al twa bern.
De bern like leaf
Mei de soan en dochter út syn earste houlik hat Freark jierren gjin kontakt hân. Nei de skieding mei syn frou yn 1978 mocht er de bern net alle dagen mear sjen. "Ast se mar ien kear yn de trije wiken op bêd bringe kinst, dat is te min. Dan kinst gjin heit wêze."
16 jier letter belle syn dochter him op. Freark wie ynearsten sa ferbjustere dat er slop fan it laitsjen wie. Dit hie hy nea ferwachte. Se hawwe twa oeren mei-inoar praat. Yn itselde jier socht Freark syn soan wer op.
No is it kontakt mei beide bern wer goed. Hy hat ek in goede bân mei de bern fan syn twadde frou Klaasje.
"Dit oerkomt ús net wer"
Smink fynt it spitich dat er syn eigen bern sa'n skoft net sjoen hat. "It skieden wie wol heftich, ik haw it ek noait sa yn 'e holle hân. Mar de bern binne yn grutte leafde oanset", sa seit er. "Wy hawwe sein dat wy neat ynhelje kinne, mar ôfpraat dat wy it fan no ôf folle better dogge. Dit oerkomt ús net wer, dat wy inoar loslitte."
Buro de Vries siket dizze simmer libbensferhalen op fan bekende(re) Friezen en Friezinnen op leeftiid. Se sjogge werom op har jeugd en wat dat foar ynfloed hie op har libben.
De libbensferhalen binne sneins om 12.00 oere op de radio te belústerjen en ek fia de podcast-app fan Buro de Vries.
Freark Smink is yntusken 75 jier âld, mar noch altyd warber. Hy genietet ek fan in jûn neatdwaan, prate mei freonen mei in goed glês wyn derby. Mar echt stilsitte, dat kin er net.

Hy is no oan it oefenjen foar it tsienjierrige jubileum fan De Emigrant. Dit stik wurdt ynkoarten wer opfierd. Wat soesto! is oerset nei it Nederlânsk: Boer ben ik.
As hy sûn bliuwt, wol hy oer in pear jier ophâlde mei spyljen en him folslein op it skriuwen rjochtsje, mar foarearst is Freark Smink noch wol yn de teäters te finen.