It libbensferhaal fan Johan Veenstra: "Ienzemhied was de rooie draod"

Johan Veenstra foar it pleatske dêr't er opgroeide © Omrop Fryslân, René Koster
De yntusken 77-jierrige skriuwer Johan Veenstra neamt iensumens as in reade tried yn syn libben. Dochs hat er mei goed 3.200 optredens hiel wat minsken in noflike jûn besoarge. "Nee, ik hebbe niet stillezeten."
Hy groeide op sûnder heit, 'dielt' in partner en sjocht it skriuwen as iensum wurk. Mar der binne ek mear as genôch fleurige mominten en boppedat kaam koartlyn syn 29e boek yn it Stellingwerfsk út.
Veenstra wennet yn Nijeholtpea, op in pear hûndert meter fan it pleatske dêr't er opgroeide. Oanstriid om de wrâld yn te lûken hat er nea hân. Op dizze grûn fielt er him thús.

"In de naozoemer van et leven"

Hoewol't er kwyk oerkomt, fernimt Veenstra wol dat er âlder wurdt. "Ik bin een straampelige oolde kerel en wor stief en krebentig", sa omkriuwt er it sels. It âlder wurden fljocht him somtiden oan.
It falt him op dat in soad leeftiidsgenoaten wat krije, of weireitsje. Soks drokt je mei de noas op de feiten, stelt Veenstra. "Ik bin mit et laeste stokkien doende. Ie zitten in de naozoemer van et leven en dat vien ik aenlik hiel arg verschrikkelik, want ik wil nog niet dood."
Hy heakket dêr oan ta: "Dan daenk ik, now wat een verschrikkelike uutviening is dat: dat meensken dood moeten. Dan hej' een leven laank kennis opdaon over van alles en nog wat en dan is dat zomar op een dag vot. Dat vien ik een groot onrecht."
Lytse Johan mei syn mem. Hy waard op 6 jannewaris 1946 berne yn Wolvegea. © Johan Veenstra
It pleatske dêr't Johan opgroeide leit krekt bûten it doarp, in eintsje fan 'e dyk ôf. It wie lyts en wat earmoedich, fertelt er. Der wie noch gjin stroom of wetterlieding en ek gjin toilet, se hiene in húske boppe de jarreput.
Dochs wie it wol de feilige wrâld wêryn't hy him écht thús fielde. Sa bot sels dat hy him dêr oan fêstklampte.
"Ik hadde die vaastighied neudig omda'k zonder vader opgruuide. Ik wus zels niet wie dat was. Mien moeder en et boerderi'jgien, daor mos ik me an vaasteklaampen. Alles daor buten was driefzaand, de geveerlike grote wereld. Dat gevuul is aenlik nooit overgaon."

Utfanhúzje op it pleatske fan doe

Eins soe der dat ek no noch it leafst dwaan: him fêsthâlde oan dat bekende en fertroude fan doe. Doe't se yn 1966 it pleatske ferlieten, kaam it yn hannen fan in dokter út Amsterdam. Dy wie der troch de wike eins nea. Sa krige Johan geregeld de kâns om der dochs noch op it hiem om te spanen of allinnich mar efkes te sitten.
Sûnt in pear jier wurdt it wer permanint bewenne en is der ek in bêd en brochje by. Stikem prakkesearret er der wol ris oer om dêr gewoan in nachtsje te boeken. Al fielt dat ek wol wat nuver.
Mar dochs: "400 meter van mien eigen huus. Dat is misschien wel wat gek, mar dan bin ik weer op mien eigen oolde hiem. Tussen dezelde hoge bomen, mit etzelde uutzicht. Misschien doe 'k et wel en schrief d'r dan over," seit er. It skriuwen kin er wol as ferlechje brûke.
Johan as skoaljonge fan 13 jier op 'e ULO yn 1959 © Johan Veenstra
Foar de bûtenwrâld like it libben op it pleatske hiel gewoan. De man yn hûs wie lykwols net Johan syn heit, mar syn omke. Wa't syn heit wol wie en wêr't dy bleaun wie, wist er net. Dêr waard ek net oer praat.
"En dan begin ie te fanteseren. Misschien zit et zus of zit et zo. Dat maekt je wel ienzem en dus soms ok niet zo gelokkig", stelt Veenstra. Pas nei de dea fan syn men, doe't Johan al 50 jier âld wie, waard it riedsel foar him opheldere. Doe fernaam hy ek dat it yn it doarp bekend wie: "Elkeniene wus et, allienig ikke niet."
Syn echte heit wie in ûnderdûker dy't doedestiids in skoft by harren yn wenne. Johan hat syn heit nea moete, mar wol ôfgryslik gûld doe't er de namme fan syn heit yn in rouadvertinsje yn de krante lies. "En dat om een man die 'k nooit kend hebbe en mit wie a'k nooit praot hebbe."
Johan Veenstra yn 1979 © Omrop Fryslân
It die wol bliken dat der ek noch in healbroer wie. In pear moannen letter socht Johan kontakt. Dat is ek it begjin fan syn autobiografyske roman In brogge fan glas. Eins wie dat foar him in dûbele 'coming out': "In die roman he'k mitien mar alles verteld. Dat ik niet wus wie a'k was, mar ok niet wus wat a'k was."

Sykte brocht úteinlik ek frijheid

De húshâlding kaam wol troch de tiid, mar se hiene it écht krap. Doe't Johan van de ULO kaam, koe hy terjochte by de belestingstsjinst. "Dat he'k doe mar daon. Ie moe'n toch wat. Die omke was d'r laeter ok niet meer en ik mos kostgeld betaelen. Een keuze was d'r dus niet."
In groanyske termsykte hat Johan's libben dêrnei bot beynfloede. Hy wie faak siik thús, moast operearre wurde en koe úteinlik net mear folslein wurkje. Doe't er foar in part ôfkard waard, hat er foar dat oare part ûntslach naam.
It idee wie om sunich te libjen, in soad te skriuwen en op te treden. Dan soe er it allegearre krekt wat rêde kinne. "Dat was aachterof bekeken een geweldige beslissing, Ik hadde doe alle vri'jhied om zonder jachten en jaegen mien eigen tied in te dielen."
Mei Rients Gratama en Douwe Kootstra op it Stellingwarver Boekebal yn 1995 © Johan Veenstra
Yn 1971 waard der foar it earst in boek yn it Stellingwerfsk útbrocht: De Oolde Pook, skreaun troch Hendrik Johannes Bergveld (1902-1966). Foar Johan Veenstra wie dat in echte 'eye opener.'
"Ik hadde d'r nooit bi'j stillestaon daj' in de tael daor aj' in praotten ok lezen en schrieven konnen. Dat he'k doe zels ok mar es perbeerd. An dat iene boek he'k me vaastehullen. Omda'k wel een aorig goed onthoold hebbe, ha'k de spelling vri'j vlot onder de kni'je."
Dat wie it begjin fan syn skriuwen yn de eigen taal en de rest is skiednis: koartlyn kaam alwer syn 29e boek út.

'Stiekelstokkies'

In noch grutter publyk komt mei Johan Veenstra yn de kunde as er by Omrop Fryslân op de radio njoggen jier lang alle wiken in Stiekelstokkie (kollum) útsprekt. It soarget der ek foar dat de skriuwer mei syn kollums en ferhalen op 'en paad koe troch de provinsje. Benammen de jûnen by frouljusferieningen binne tige populêr.
Johan Veenstra yn 1999 © Omrop Fryslân
Hy hat ûndertusken mear as 3.200 kear sa'n optreden dien, fertelt Johan. Hy hat it allegearre byholden. "A'k deur de perveensie rie kan 'k overal gebouwgies en zaelties anwiezen daor a'k optreden hebbe. Dat was echt wonderbaorlik, de invloed van die radiopraoties."
Vertellen vien ik mooier as schrieven. Schrieven is en blift ienzem wark. Vertellen veur een koppel meensken is juust fleurig om te doen.
Johan Veenstra
Hy docht dat noch altyd: "Vertellen vien ik mooier as schrieven. Schrieven is en blift ienzem wark. Vertellen veur een koppel meensken is juust fleurig om te doen. Ik hebbe daor wel een huud vol wark an, want ik doe alles uut et heufd. Hiele verhaelen en ok stokkies uut romans. Ie hebben dan vule meer een baand mit je pebliek. Dat vien ik mooi."
Veenstra docht syn ferhaal efter it sprekstuolte © Omrop Fryslân
Hoefolle kontakten hy ek hat troch syn skriuwen en de optredens, iensumens is noch altyd in reade tried yn it libben fan Johan Veenstra, dy't allinnich wennet. "D'r is wel een partner, mar die diel ik mit iene aanders. Dat is niet makkelik, mar de tied die we tegere deurbrengen, maekt et wel de muuite weerd."
Johan Veenstra op argyfbyld út 2009 © Omrop Fryslân
Oer de takomst fan 'Stellingwarfs' as taal makket hy him wol soargen. "Op et schoeleplein heur ie et amper meer. Dan hoolt et op 'e duur op. Dat vien ik netuurlik zunde, mar in et grote gehiel is et dat niet. Zo gaot et now ienkeer mit taelen."

Neat bliuwt sa't it wie

Oer de takomst fan de wrâld is Veenstra frij somber. "Ik daenke trouwens dat ik misschien wel in de alderbeste tied van de wereldgeschiedenis leefd hebbe. Nao de oorlog wodde alles allienig mar beter. Zoe'n tied komt d'r veurlopig niet weer. Veerder hoop ik dat aandere meensken niet zo hoeven te leven as ik leefd hebbe: dat zi'j wel de vraogen durven te stellen die d'r toe doen."
Buro de Vries siket dizze simmer libbensferhalen op fan bekende(re) Friezen en Friezinnen op leeftiid. Se sjogge werom op har jeugd en wat foar ynfloed oft dat hie op har libben. De libbensferhalen binne sneins om 12.00 oere op de radio te beharkjen en ek fia podcast-apps Spotify en Apple Podcasts.
Ien fan de ûntwikkelingen dêr't er soargen oer hat is klimaatferoaring. "Dat vien ik zorgelik. Et gaot allemaole vule vlogger as dawwe bedaenken kunnen. We kun dus ok niet meer zeggen et duurt oonze tied wel uut, want dat is niet zo."
Johan Veenstra by de presintaasje fan syn lêste boek 'Nazoemerlaand', mei Frits van der Vinne © Lenus van der Broek
It kin wolris grutte rampen ta gefolch hawwe, tinkt Veenstra. "In mien ni'je verhaelebundel Naozoemerlaand schrief ik d'r ok over. Misschien staot alles hier over 80 tot 100 jaor wel onder waeter. Niks blift zoas et was."

Wurdearje de lytse dingen

As libbensles wol Veenstra graach meijaan dat wy sjen moatte nei al it lytse moais om ús hinne: "Geniet van de kleine dingen in et leven die vaeke zo weerdevol binnen. Veural in disse almar roegere en geveerliker wereld."
Leaver harkje nei it libbensferhaal fan Johan Veenstra? Dat kin hjir