It kin net mei de rein: Nasjonale Fierljep Manifestaasje snein fierder
De Nasjonale Fierljep Manifestaasje moat snein fierder, leit wedstriidlieder Sytze Hilbrand Boschma út
Der is in streek set troch it ôfmeitsjen fan de Nasjonale Fierljep Manifestaasje sneon. Troch de rein kin it ljeppen net mear feilich, dus it ôfrûnjen fan kwalifikaasje en finale folget snein.
De lêste trije foarronden wurde nei alle gedachten snein om 13.00 oere ljept. De finale folget dêrnei noch, om 15.30 oere hinne.
It earste part fan de kwalifikaasjes waard sneon wol ljept. De bedoeling wie om jûns fierder te gean, mar de rein jage dochs de boel yn 'e bulten.
Wedstriidlieder Sytze Hilbrand Boschma fynt it spitich, mar jout oan dat it net oars kin. "It grutste probleem is dat der yn de ôfrûne oeren safolle wetter fallen is, dat it sân te wiet is. Dêrtroch kinne wy de feiligens fan de ljeppers net garandearje."
Guon dielnimmers heakje ôf
It útstel betsjut dat ek in tal dielnimmers net meidocht. In pear Hollânske dielnimmers ljeppe út prinsipe net op snein en der binne mooglik ek ljeppers mei fakânsjeplannen of oare plannen. "Dat respektearje wy. It is net oars", seit Boschma.
Diel twa fan de Nasjonale Fierljep Manifestaasje is snein streekrjocht te sjen mei in livestream op de webside en app fan Omrop Fryslân. It kommentaar wurdt fersoarge troch analist Hendrik Murk Haanstra en sportferslachjouwer Freark Wijma.