Friezen fersus Hollanners: wa ljept it fierst op de Nasjonale Fierljep Manifestaasje?

Nasjonale Fierljep Manifestaasje (argyf) © Martin de Jong
Foar de 35e kear is sneon yn It Heidenskip de Nasjonale Fierljep Manifestaasje úteinset. Eltsenien dy't in kear ljeppe wol, kin meidwaan oan dizze unike wedstriid. Troch limiten te heljen, kinne je in ronde fierder komme. De sterkste ljeppers springe de finale.
De NFM bestiet sûnt 1989. Sa'n hûndert dielnimmers út it hiele lân soargen destiids foar in tige suksesfol evenemint. Dit jier mei de 35e edysje rekkenje op goed 200 ynskriuwingen.
Alle Hollânske en Fryske toppers steane op 'e list. Troch kwalifikaasjerondes bliuwe úteinlik op syn minst 48 ljeppers oer foar de finale. Dat kinne der mear wurde, want alle ljeppers dy't de limyt helje, stride yn de finale om de ferneamde NFM haadprizen.

Klimaks

Fanwegen it minne waar koe de wedstriid sneon net ôfmakke wurde. Dêrom is it beslút naam om op snein de kwalifikaasje wer op te pakken om 13.00 oere. As dat slagge is, kin dêrnei om 15.30 oere úteinset wurde mei de finale. Der is útrin mooglik oant it donker wurdt, en oars sil der gjin winners komme yn dizze 35e edysje fan de NFM.
Yn de finale meie alle dielnimmers earst twa kear springe. Dêrnei falt de helte ôf en meie de sterkste ljeppers noch twa kear springe. Yn de lêste twa ronden wurdt dúdlik wa't de nije kampioenen wurde.
© Martin de Jong
Ferline jier giene twa titels nei Hollân en trije nei Fryslân. By de senioren wûn Rian Baas út Gouda mei in skânsrekôr fan 21.69 meter. Syn klupgenoat Reinier Overbeek út Benschop wûn by de junioaren mei 20.30 meter.
De winst by de froulju gie nei Marrit van der Wal (16.31). Burgumer Djurre de Jong (17.46) pakte de titel by de jonges. By de famkes gie de titel ferrassend nei Berber de Vries (15.16) út Mantgum.
De limyt dy't ljept wurde moat om yn 'e finale te kommen:
  • Manlju: 18.5 meter
  • Froulju: 15 meter
  • Junioaren: 17 meter
  • Jonges: 16 meter
  • Famkes: 14 meter
Diel twa fan de NFM is by Omrop Fryslân te folgjen fia in livestream. Dy set om 13.00 oere útein en is te finen op ús webside en app.