FIDEO: Sjoch hjir nei diel 1 fan de Nasjonale Fierljep Manifestaasje-kwalifikaasje

It waar spile parten by de Nasjonale Fierljep Manifestaasje op It Heidenskip. Fanwege it minne waar is it twadde part fan de kwalifikaasje om 18.30 oere. De finale wurdt ferpleatst nei sneintemiddei 15.00 oere.
Diel 1 fan de kwalifikaasje is hjirboppe werom te sjen. It twadde part fan de kwalifikaasje is sneontejûn wer live te sjen op de webside en app fan Omrop Fryslân.
De Nasjonale Fierljep Manifestaasje is in unike fierljepwedstriid. Elkenien kin meidwaan en de ljeppers dy't har oerdeis troch de kwalifikaasje sprongen, steane yn de grutte finale. It kommentaar wurdt fersoarge troch analist Hendrik Murk Haanstra en sportferslachjouwer Freark Wijma.
Wedstriidlieder Sytze Hilbrand Boschma oer de situaasje