Steenstra, Hiemstra en Wassenaar prolongearje PC-titel nei iensidige finale

© Dijks Media
It partoer fan Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar hat de 170ste PC op it Sjûkelân yn Frjentsjer wûn. Yn de finale wienen Steenstra-en-dy mei 5-1 6-2 te sterk foar Haye Jan Nicolay, Hessel Postma en Patrick Scheepstra. Steenstra waard útroppen ta kening.
It is de twadde titel op rige foar it partoer fan Steenstra. Ferline jier wûnen se de PC ek al troch mei 5-5 6-4 te winnen fan Marten Bergsma, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra.

Iensidige finale

De finale fan dit jier ferrûn iensidich. Steenstra, Hiemstra en Wassenaar begûnen sterk oan de wedstriid en hienen al gau in 3-0 foarsprong te pakken.
Steenstra-en-dy gunden it partoer fan Nicolay hielendal neat. Meardere earsten einigen yn 6-0 en sa rûnen Steenstra, Hiemstra en Wassenaar út nei 5-0.
By dy tuskenstân rêden Nicolay, Postma en Scheepstra de eare troch dochs noch in earst te pakken. Spannend waard it lykwols net mear, By 5-1 6-2 waard de bal foar slein en wie de partij oer.
Foar Hiemstra en Wassenaar wie it harren lêste PC. Sy namen sa yn styl ôfskied. Foar Hiemstra wie it syn fiifde titel, Wassenaar pakte syn fjirde PC-winst en Steenstra wûn de wichtichste keatspriis foar de twadde kear
Hans Wassenaar en Renze Hiemstra op harren lêste PC © Dijks Media
Steenstra, Hiemstra en Wassenaar wienen de iennigen dy't harren favoriterol wiermeitsje koenen. Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra gienen der al yn de earste omloop ôf. Sy ferlearen mei 5-5 6-6 fan Nicolay-en-dy.
De partoeren fan Bergsma (tsjin Steenstra) en Van Zwieten (tsjin Remmelt Bouma, Allard Hoekstra en Evert Pieter Tolsma) fleagen der yn de twadde omloop út.
Van der Bos en Van Zwieten hawwe it Sjûkelân net iens sjoen. Om it fjild te sparjen, waarden guon partijen yn de earste en twadde omloop nammentlik op de sportfjilden oan de Hertog van Saxenlaan spile.