FIDEO: Huldiging PC-winners yn Bitgum

FIDEO Huldiging PC-winners
De PC-winners Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar binne huldige yn Bitgum. Dêr sit de keatsferiening Oefening Kweekt Kunst (OKK) dêr't PC-kening 2022 Tjisse Steenstra lid fan is.
Nei de huldiging op it Sjûkelân yn Frjentsjer gie Steenstra mei syn maten yn de auto troch nei syn keatsklup. Yn Bitgum waarden se op in hynstewein troch it doap riden en by OKK sels wiene feestlike aktiviteiten.
By de klup binne se tige grutsk op harren held, fertelt foarsitter Jacob Wietse Dijkstra. "Dit is wêr't wy al al jierren mei dwaande binne. Wy besykje de klup nei in topnivo te bringen. Ik tink dat it dit jier slagge is."
OKK bestiet sûnt 1895. Steenstra is de earste PC-kening út Bitgum sûnt 1930.