Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar winne 169e PC

It partoer fan Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar hat de 169ste edysje fan de PC op it Sjûkelân yn Frjentsjer wûn. Yn de finale wienen se mei 5-5 6-4 te sterk foar Marten Bergsma, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra.
It wie in spannende finale: beide partoeren wienen aardich oan inoar weage. Ofwikseljend pakten se oant 3-3 de buordsjes. Dêrnei slagge it partoer fan Bergsma deryn om in gatsje te slaan: 5-3.
By 5-3 6-6 slagge it Bergsma-en-dy net om de partij út te slaan en dus bleaun it spannend. Efkes letter waard it sels 5-5 en dus kaam it oan op it lêste earst.
Dat wie it momint foar Steenstra-en-dy om ta te slaan. It einige yn 5-5 6-4 Steenstra, Hiemstra en Wassenaar fochten harren werom fan in efterstân en pakten de krânsen.
De lêste slach fan de finale
Nei ôfrin wienen Steenstra, Hiemstra en Wassenaar út 'e skroeven. Foar Steenstra wie it syn earste PC-oerwinning: "Dit moast fan fier komme, mar we pakke him!"
Trochsettingsfermogen
Hans Wassenaar wie suver emosjoneel dat hy syn maat Steenstra oan syn earste PC-titel helpe koe: "Hy fertsjinnet it gewoan. Hy keatste hjoed ek hartstikke goed, mar it siet net echt mei. Dan komt it op trochsettingsfermogen oan en dat hawwe we hjoed sjen litten."
Foar Wassenaar wie it wol efkes spannend. Hy hie bot lêst fan syn skouder. "Ik moat echt myn fysio's tank sizze. Sy hawwe my dertroch holpen. Fanmoarn sei ik noch tsjin myn freondinne dat it net in soad wurde soe hjoed, safolle lêst hie ik noch. Mar hy wie dochs sterk genôch hjoed."
Renze Hiemstra wiist op it bizarre wedstriidferrin: "We worden op een schier onmogelijke achterstand gezet, maar toch verlaten we met de krans het veld. Dat is fantastisch."
Hans Wassenaar hat wiete eagen
By de ferliezers oerhearske de teloarstelling. "De hiele wedstriid sla ik goed op, mar op it beslissend momint bin ik der net foar myn maten", seit Marten Bergsma.
"Ast trije kear de kâns krijst om te winnen, dan komt dit hurd oan", stelt hy. "We sieten der lekker ien, mar it giet mar om twa, trije baltsjes. Dat is it ferskil tusken winne en ferlieze."
Flaters op it ferkearde momint
"We meitsje op ferkearde mominten flaters", konkludearret syn teamgenoat Hendrik Kootstra. "It is gewoan spitich."
Kootstra fûn dat syn partoer fierder goed keatste: "We hienen in goed plan en we keatsten goed. We stienen 6-2 foar mei in keats op de middeline, dan moat it gewoan klear wêze, mar we pakke it net."
Hendrik Kootstra is teloarsteld