Lêste tariedingen op de PC: "Der moat noch hiel wat gebeure, mar it komt goed"

Frjentsjer makket him op foar de 169e PC. Woansdei giet de wichtichste keatswedstriid fan it jier op it Sjûkelân wer los. Hjoed wurde de lêste tariedingen dien.
Yn Frjentsjer binne se dwaande mei de lêste tariedings op de PC
Woansdei 3 augustus stjoert Omrop Fryslân fan 14.00 oere ôf de PC live út op telefyzje. Fan 09.30 oere ôf is de PC te folgjen op radio en online. De PC-sfear is de hiele dei te belibjen by Omrop Fryslân. Sjoch foar alle ynformaasje op Omropfryslan.nl/keatsen.