De 5e woansdei fan july, sadree’t dizze dei tichterby komt giet by de measte keatsleafhawwers it hert rapper slaan. Want 3 augustus is it wer safier, de PC op it Sjûkelân yn Frjentsjer.

Live op telefyzje (fan 14:00 oere ôf) en radio wurdt troch Omrop Fryslân de PC yn Frjentsjer folge. De 5e woansdei fan july is de hiele Omrop yn de PC sfearen, op radio, telefyzje en ynternet.

PC Kafee

Dit jier binne de PC Kafee’s ek wer iepen. Omrop Fryslân stjoert trije kear it PC Kafee út. Sneon 30 july, snein 31 july en tiisdei 2 augustus wurdt it programma live fan De Bogt fen Guné yn Frjentsjer útstjoerd. Presintaasje is yn hannen fan Geert van Tuinen. Mis neat en harkje mei nei PC Kafee.

Lês hjir mear oer de útsjoeringen en alle tiden fan it PC Kafee

Freule

De Freule stiet al mear as hûndert jier op ‘e aginda. In wichtige keatspartij foar de jonges fan 14 oant 16 jier. Dit jier fynt de Freule plak op woansdei 10 augustus en is de hiele dei live te folgjen op radio by Omrop Fryslân.

It Freule Kafee is der op tiisdei 9 augustus, live út it Dielshûs yn Wommels. Sintraal yn dizze ôflevering stiet de Freule Partij fan 1972. Tradisjoneel is der op de dei foar de Freule ek de saneamde Freule lêzing. Live muzyk yn it Freule Kafee is fan orkest Butterfly.

Frouljus PC

De Frouljus PC wurdt woansdei 25 augustus yn Weidum keatst en is dit jier live te folgjen by Omrop Fryslân op radio.