Omrop Fryslân

Q&A mei keatsanalisten oer de PC: "Triemstra is de Djokovic fan it keatsen"

Keatsanalisten Jan Willem van Beem en Dirk Jan van der Woud
© Omrop Fryslân
De 170e PC set woansdei útein. Wa binne favoryt? Wa binne de outsiders? En wat spilet der om de PC hinne? Wy sjogge foarút mei ús keatsanalisten Jan Willem van Beem en Dirk Jan van der Woud.
Al jierren nimme se as analist plak njonken us kommentatoaren: Van Beem is mei kommentator Roelof de Vries warber foar de telefyzje en Van der Woud analisearret op de radio mei kommentatoaren Geert van Tuinen en Hijlko Broersma.
Mei beide manlju sjogge we foarút nei de wichtichste keatspartij fan it jier.

Hokker partoeren hearre by favoriten?

Van der Woud: "Foar my binne der fjouwer partoeren favoryt: dy fan Gert-Anne van der Bos, Menno van Zwieten, Tjisse Steenstra en Marten Bergsma.
"It lêste partoer hat dit seizoen mar twa kear wûn, mar se kinne der ek samar yngroeie. Marten Bergsma is in echte PC-keatser. Ik haw se eins ek net safolle sjoen dit seizoen, want meastentiids binne se der al ôf as ik kom. Se misse harren oanjager Dylan Drent, dy't al hiel lang blessearre is. Kees van der Schoot hat it net dit seizoen."
Taeke Triemstra mei it bewiis dat hy de nûmer 1 is
© Martin de Jong
Van Beem: "Van der Bos, Steenstra en Van Zwieten. Nee, Bergsma net. Dat fyn ik fan dizze fjouwer de minste. Se kinne it wol winne, mar se hearre net by de favoriten.
Der is wat my oanbelanget in dúdlike top trije. Se wûnen it meast, se binne it meast konstant en se hawwe it faakst op eigen krêft wûn."

Is der ien partoer favoryt?

Van der Woud: "Ex aequo: Steenstra en Van der Bos. It partoer fan Van Zwieten sit der ticht op. Steenstra en Van der Bos hawwe de measte ûnderfinging mei it omgean fan de druk op de PC. As ik ien kieze moat? Mes op 'e kiel? Dan dochs it partoer Steenstra."
Van der Bos kin it foar dy ferlieze, mar oer it algemien wint er it foar dy.
Jan Willem van Beem
Van Beem: "Der is net ien favoryt, mar as ik it no sis, set ik dochs wer myn jild op Van der Bos. Miskien hat dat ek wol mei it sentimint te krijen, dat de druk no fuort is. Omdat Triemstra no de nûmer ien yn it ivich klassemint is. Van der Bos is yn foarm en dat is bepalend foar it partoer. Dy kin it ek foar dy ferlieze, mar oer it algemien wint er it foar dy.
"De kening wurdt in opslagger. Yn dit gefal binne dat de trije beste keatsers fan dizze trije partoeren."

Wa foarmje in gefaarlike outsider?

Van Beem: "Dan soe ik de partoeren fan Bergsma en Johannes van der Veen sizze. As se yn dy partoeren alle trije in kear goed binne, dan kinne se foar in ferrassing soargje."
Van der Woud: "It partoer fan Van der Veen. De opslagger is hiel deeglik, hast flaterfrij. En se ha as partoer in pear kear sjen litten dat se der by hearre."

Der is faak ien ferrassing op de PC. Hokker partoer dit jier?

Van Beem: "Haye Jan Nicolay of Paul Dijkstra. Dijkstra hie lêst yn Huzum in twadde priis, mar se binne wol wat wyld."
It partoer fan Van Zwieten kin wolris de publyksfavoryt wurde.
Dirk Jan van der Woud
Van der Woud: "Paul Dijkstra en dy, ja. Dijkstra hat it spul derfoar, Minnesma kin ek opslaan. Dat is in dreech partoer, dy't hast gjin flaters makket."

Ferline jier wie Tjisse Steenstra publyksfavoryt, om't hy de PC noch net wûn hie. Wa kin dat dit jier wêze?

Van Beem: "Miskien gewoan Steenstra wer. Miskien ek wol om't Hans Wassenaar en Renze Hiemstra ophâlde."
Van der Woud: "Dat soe it partoer fan Van Zwieten wolris wurde kinne. Dy ha de PC ek noch net wûn en sy spylje 'fris van de lever'."
Van Beem: "Kloppet, Van Zwieten kin dy rol ek krije. In partoer mei echte keatsers, dy't it publyk meikrije kin."
Van der Woud: "Taeke Triemstra soe ek kinne, omdat hy it PC-klassemint winne kin. Mar Triemstra hat faak it publyk tsjin him, omdat guon fine dat se al genôch wûn ha. Triemstra is eins wat de Djokovic fan it keatsen. Se winne in soad, mar it publyk is ek wolris tsjin se."

Hans Wassenaar hâldt op. Wat fynst dêrfan?

Van der Woud: "Spitich. Dat is op 32-jierrige leeftiid wat te jong. Hy hie ek bêst noch wol de switch nei foarynse meitsje kinnen."
Hans Wassenaar
© Dijks Media / Sietse de Boer
Van Beem: "Ik fyn Hans in topper, in echte winnaar. Hy hat alles wûn. Dy karriêre is echt ôf. Ik seach him eartiids yn Tsjummearum as in ADHD-jonkje. Drok en wyld, mar oertsjûge fan himsels. In hiele moaie keatser."
Van der Woud: "Ik foarsjoch wol dat er noch weromkomt. Miskien as se de wedstriidaginda oanpasse. En der rekket ek fêst noch wolris ien blessearre."

Wêr hopest op dizze PC?

Van Beem: "It is sowieso in moaie dei. Dêr hoege je eins neat oan te dwaan. Maar ik hoopje foaral op in goeie keatsdei."
Van der Woud: "Dat it moai waar is."
De PC stiet de hiele dei sintraal by Omrop Fryslân. Fan de earste oant de lêste slach kinst de wedstriid live folgje op de radio en fia in liveblog op ús webside en ús app. Fan 14.00 oere ôf is de wedstriid live op telefyzje en fia de stream op ús webside te sjen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.