Omrop Fryslân

Hans Wassenaar hâldt nei dit seizoen op mei keatsen

Hans Wassenaar ôfrûne wykein yn Ljouwert
© Dijks Media
Hans Wassenaar hâldt nei dit seizoen op as haadklassekeatser. Dat is tiisdeitejûn bekend wurden. De 32-jierrige achterynse hie al ris trochskimerje litten dat dit seizoen syn lêste wêze soe, mar oant no ta hie hy dêr noch gjin dúdlikheid oer jûn.
Wassenaar hat alle grutte partijen op syn namme skreaun. Mei winst op de Freule Partij, De Jong Nederland Partij, de Bûnspartij en de PC (trije kear) is hy yn it besit fan it saneamde klaverke fjouwer.
Mei it ophâlden fan Wassenaar drige Tjisse Steenstra foar kommend seizoen sûnder maten sitte te kommen. De tredde man fan it partoer, de 38-jierrige Renze Hiemstra, hie yn in earder stadium al oanjûn dat dit syn lêste seizoen op it heechste nivo is.

Steenstra fynt nije maten

Steenstra hat ûndertusken foar kommend seizoen al wer twa nije maten fûn. Hy sil keatse mei opslagger Menno van Zwieten en foarynse Gabe Jan van Popta. Steenstra sil sels it plak yn it achterperk ynnimme.
Ien en oar betsjut dat Pieter Jan Leijenaar no sûnder maten sit. It is noch net bekend mei wa't de achterynse út Eksmoarre fierder keatse sil.

Noch gjin beslút Triemstra

Taeke Triemstra hat noch gjin beslút naam oer ophâlden of trochgean. De nije klassemintslieder liet tiisdeitejûn witte dat de kâns dat hy trochgiet, grutter is as de kâns dat hy ophâldt. Triemstra makket yn it wykein syn beslissing bekend.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.