Partoer Steenstra wint Masters op It Hearrenfean, Triemstra yn earste omloop derôf

De Masters op It Hearrenfean binne wûn troch it partoer fan Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar. Yn de finale fan de haadklassekeatspartij wienen se mei 5-3 te sterk foar it partoer fan Marten Bergsma, Kees van der Schoot en Hendrik Kooistra. Steenstra waard útroppen ta kening.
Yn de heale finale hienen Steenstra-en-dy it wat dreger. Dêryn wûnen se mei 5-3 6-4 fan Remmelt Bouma en syn maten. Dat partoer hie yn de earste omloop noch mei 5-4 6-0 wûn fan it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra. Dat betsjut dat Triemstra noch hieltyd seis punten ferwidere is fan de kopposysje yn it ivige keatsklassemint.
It partoer fan Bergsma naam it yn de heale finale op tsjin it partoer fan Bauke Triemstra. Dy wedstriid waard wûn mei 5-3 6-2. Yn de finale kamen se lykwols rap mei 4-0 efter. Bergsma-en-dy kamen noch wol werom oant 4-3, mar dêrnei wie it klear en pakte it partoer fan Steenstra relatyf ienfâldich de oerwinning.
Mei de oerwinning fan Steenstra-en-dy komt der in ein oan de oerwinningsrige fan Marten Bergsma op de Masters. Hy wûn de ôfrûne trije edysjes en waard en trije kear kening.
Tjisse Steenstra waard kening by de Masters op It Hearrenfean