Omrop Fryslân

KNKB lûkt eksperimint mei koartere wedstriden foarearst yn nei protesten

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De KNKB sil dit jier net mear eksperimintearje mei koartere wedstriden yn it junioarekeatsen. Dy beslissing hat it bûn naam 'in belang van de kaatssport'.
In soad junioaren hienen oanjûn dat se de wedstriid fan kommende freed yn Boalsert net keatse soenen út protest. Noch mar tsien keatsers hienen har oanmeld, wylst de organisaasje yn Boalsert minstens 24 ha wol.
It eksperimint hold yn dat der koartere earsten ferkeatst wurde: net mear 2, 4, 6, earst; mar 2, 4, earst. Op de junioarepartij fan 19 maaie yn Makkum is der foar de earste kear sa keatst.
Doe kamen de protesten. Guon keatsers seinen dat se mar kwealik op it fjild stien ha. Boppedat komt de twadde opslagger folle minder oan bar.

Evaluaasje

Omdat it tal oanmeldingen foar de wedstriid yn Boalsert sa bot achterbleau, wurdt der no neffens de reguliere puntetelling keatst. De mooglikheid om oan te melden slút woansdei om 18.00 oere.
Moandei 19 juny organisearret de KNKB in jûn om it eksperimint te evaluearjen. Dan wurde de junioarekeatsers frege watfoar mooglikheden oft sy sjogge om de keatssport te ferbetterjen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.