Junioarekeatsers ûntefreden oer eksperimint mei koartere partijen

Jonge keatsers komme yn opstân tsjin eksperiminten fan de KNKB. Om har aksje krêft by te setten, hienen se it foarnimmen om freed net te spyljen yn Boalsert. De KNKB wol no mei de keatsers yn petear.
Fanwegen weromrinnende ledetallen besiket de KNKB it keatsen oantrekliker te meitsjen. Dêrom wurdt der eksperimintearre mei rappere wedstriden en dat eksperimint wurdt útfierd by de junioarekeatsers.
Dy fine it lykwols hielendal neat. Keatsferslachjouwer Geert van Tuinen leit út wat der oan de hân is yn de keatswrâld.
Wat hâldt it eksperimint krekt yn?
"Der hat op de Algemiene Ledegearkomste (ALV) in presintaasje west oer fernijing yn de keatssport. Oanjager fan dizze aksje is Jan Bles, keatsleafhawwer út Wergea. In oantal wurkgroepen hold him dwaande mei mooglike fernijing yn de keatssport op tal fan mêden. Op himsels prima, want it keatsen kin wol in setsje yn de rêch hawwe, no't de lede-oantallen al in oantal jierren bot omleechgeane.
By de presintaasje fan dy wurkgroepen binne eksperiminten oankundige en dit eksperimint by de junioaren is it earste. De gedachte is dat it keatsen, seker foar dy kategory, flugger moat. Dat in keatspartij yn in 'dagdeel' spile wurde kin.
De partijen binne sa rap út dat der keatsers binne dy't kwealik op it fjild stien hawwe.
Dus is der betocht dat der koartere earsten keatst wurde moatte. Net mear 2, 4, 6, earst. Mar 2, 4, earst. Op de junioarepartij fan 19 maaie yn Makkum is der foar de earste kear sa keatst. En doe kamen de protesten."
Wat binne de grutste klachten?
"Dat der folle minder oan keatsen takommen wurdt en dat partijen sa rap út binne, dat der keatsers binne dy't kwealik op it fjild stien hawwe. "We sitte langer yn de auto as dat we op it fjild steane", is in útspraak dy't dien is.
Boppedat grypt de maatregel te folle yn op it oarspronklike keatsspul, sa fine guon minsken. As in foarbêst opslagger efkes de tried kwyt is, dan is hy ek samar in earst kwyt. De twadde opslagger komt op dizze wize ek folle minder oan bar. En dêr binne in protte minsken net posityf oer."
Wat betsjut dat foar dy partij yn Boalsert kommende freed?
"De KNKB hat witte litten dat de partij fan freed gewoan trochgiet ûnder de nije regels. Dêrnei sil yn de kantine fan KV Boalsert in gearkomste wêze oer ûnderfiningen fan it eksperimint. Op basis fan dy befiningen wurdt it eksperimint op ynhâld besprutsen en mooglike oanpassingen foar de kommende wedstriden trochfierd.
De keatsferiening fan Boalsert hat it smoar deryn. Sy ferwite de KNKB in minne kommunikaasje en sy binne it ek net iens mei dit eksperimint.
Tiisdeitemiddei wienen der noch mar seis oanmeldings foar de wedstriid yn Boalsert. De ynskriuwing is ferlinge oant woansdei 18.00 oere. De KNKB hopet dat de wedstriid gewoan trochgean kin.
De keatsferiening fan Boalsert hat it smoar deryn. Sy ferwite de KNKB in minne kommunikaasje en sy binne it ek net iens mei dit eksperimint. Sy hawwe it beslút naam dat de partij net organisearre wurde sil as der net minimaal acht partoeren op de list komme. De boel stiet dus behoarlik op skerp."
Wat seit de KNKB hjirfan?
"De KNKB is no drok dwaande om de saak op te lossen. Der hat ferline wike in earste evaluaasje west. Dêr wie ek in delegaasje fan de junioarekeatsers by oanwêzich. Doe is der nei alle gedachten net safolle hurde krityk utere, want KNKB-foarsitter Coos Veltman hie it idee dat se fierder koenen mei dit eksperimint. No leit de saak dus dochs skerper en wol de KNKB útsykje wat no presys de arguminten binne foar dit protest.
Steane der noch mear eksperiminten op de planning?
"Ja, dêr meist wol fan útgean. Der wurdt op in breed mêd neitocht oer feroarings yn de keatssport. En om foar te kommen dat al dy feroarings reglemintêr foarlein wurde moatte oan de ALV fan de KNKB, wurde al dy nije saken presintearre as eksperiminten. En, sa is de gedachte, in eksperimint kin mislearje. Dan wurdt it oanpast.

"We moatte meibewege yn dit proses", sa seit inisjatyfnimmer Jan Bles. En Bles en de KNKB wolle perfoarst foarkomme dat der in soarte fan twaspjalt ûntstiet. Dêr hat nimmen baat by. It is dus ek wol in bytsje spitsroede rinnen foar KNKB en de wurkgroepen."
As de keatsers har sa fersette tsjin de fernijingen, hoe is de trend fan weromrinnende ledetallen en ynteresse dán te kearen?
"Ik tink dat úteinliks it sûne ferstân wol triomfearje sil, sis ik as optimist. Elts dy't it keatsen folget, sjocht de ledetallen efterút rinnen. Dan leit it foar de hân dat je bliid binne mei minsken dy't konkreet besykje it tij te kearen. Mar it is de keatswrâld, reedlik konservatyf, of op syn minst behâldend. Der moat dus wol wat trochbrutsen wurde.
Dêrby komt dat ik sels net sa gelokkich bin dat dit earste eksperimint no krekt yn de kategory fan de junioaren plakhat. In soarchlike kategory, dêr't in protte keatsers yn ôfheakje. Om dat te kearen, is der yn 2021 begûn mei dizze spesjale junioarekompetysje. Mei spektakulêre prizen (leaseauto's) om junioarekeatsers op de fjilden te hâlden. Dat projekt hie de gong der aardich yn. En no komt der dus krekt yn dizze kategory sa'n yngripend eksperimint.
Ik fyn it net echt handich om dêrmei dizze kategory te begjinnen. Mar ik haw ek betrouwen yn it sûne ferstân fan benammen Jan Bles, dy't perfoarst net út is op polarisaasje, en dy't grif it sprekwurd 'beter ten halve gekeerd dan ten hele gedwaald' kenne sil. Jan sil dan sizze: "We hawwe der wer fan leard", en giet troch mei syn goeie wurk."