Omrop Fryslân

Steenstra, Hiemstra en Wassenaar probleemleas nei de oerwinning yn Stiens

It winnende partoer
© Martin de Jong Fotografie
It partoer fan Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar hat snein sûnder problemen de haadklassepartij yn Stiens wûn. Yn de finale wienen se mei 5-1 6-2 te sterk foar Bauke Triemstra, Hendrik Jan van der Velde en Riemer Hoekstra.
It partoer fan Steenstra naam al fluch in 3-0 foarsprong en mei dy marzje wie it noflik keatsen. Dêrmei wie it net mear de fraach oft sy winne soenen, mar mei hoefolle. It waard úteinlik 5-1 6-2.
Hans Wassenaar waard útroppen ta kening.
Renze Hiemstra oer de oerwinning yn Stiens
Dat Triemstra, Van der Velde en Hoekstra yn de finale stienen, wie in grutte ferrassing. Yn de heale finale ferrifelen se it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra mei 5-4 6-4.
Foar Van der Bos wie de dei dochs noch wol in bytsje slagge. Syn partoer pakte in punt en dêrmei komt Van der Bos de top-10 binnen fan bêste keatsers ea.
In opfallende namme op de list wie dy fan Kees van der Schoot. Van der Schoot miste in part fan it ôfrûne keatsseizoen om't er by syn freondinne yn Brazilië wie. Dy komt ynkoarten hjir te wenjen en dus wie der foar Van der Schoot wer tiid om it keatsen op te pakken:
Kees van der Schoot keatst wer
Ek de froulju keatsten in frijeformaasjepartij, dizze kear yn Grou. Yn de finale rekkene it partoer fan Aletta van Popta, Jeska Terpstra en Gerde Lycklama à Nijeholt mei 5-5 6-6 ôf mei Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra.
It partoer fan Van Popta kaam mei 2-0 foar. Tuinenga-en-dy kamen lykwols werom oant 2-2. It gie lykop oant 3-3, mar dêrnei liken Tuinenga, Monfils en Zeinstra in beslissend gatsje te slaan: 3-5. Van Popta, Terpstra en Lycklama à Nijeholt fochten harren lykwols werom nei 5-5.
Yn it beslissende earst wie it hiel spannend. It waard 6-6. By dy tuskenstân sloech Ilse Tuinstra de bal bûten en dus wie de oerwinning foar it partoer fan Van Popta.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.