Minnertsgea ferrast Bitgum yn finale NK keatsen
Minnertsgea hat yn Frjentsjer de 125e edysje fan NK keatsen wûn. Yn de finale fan de Bûnspartij fersloegen se de grutte favoryt, Bitgum, mei 5-2 6-2.
It partoer fan Minnertsgea, mei Marten Bergsma, Jacob Wassenaar en Hendrik Kootstra, pakte dit seizoen al twa kear in twadde priis. Dat dienen se op de ôfdielingspartij yn Tsjummearum, mar ek op de frijeformaasjepartij fan ferline wike yn Sint-Anne. Yn de frije formaasje keatse de trije manlju nammentlik ek mei-elkoar.
Bitgum, besteande út Paul Dijkstra, Tsjisse Steenstra en Hans Wassenaar, hie de earste twa ôfdielingspartijen fan it seizoen yn Weidum en Tsjummearum ek al wûn. Moandei op it Sjûkelân walsten se oanfanklik ek oer elkenien hinne.
Yn de fjouwer omlopen oant de heale finale stienen se mar trije buordsjes ôf. Yn dy heale finale tsjin Makkum, mei Jelle Attema, Hendrik Jan van der Velde en Klaas Pier Folkertsma, gong it wat stroever, joegen se sels ek ta.
Minnertsgea hie har foar de finale ûntdien fan Frjentsjer (5-4), Seisbierrum (5-0), It Hearrenfean (5-2), Easterlittens (5-2) en Dronryp (5-3).
De finale tusken Bitgum en Minnertsgea betsjutte ek dat de twa foarige winners tsjinoer elkoar stienen. Yn 2021 wie Minnertsgea de sterkste, ferline jier wie Bitgum dat. De partoeren besteane noch hieltyd út deselde trije keatsers oan beide kanten.
Bitgum wie op basis fan de eardere ôfdielingspartijen fan dit seizoen de grutte favoryt en pakte ek it earste buordsje. Dêrnei, op 1-0 6-6, wie der wat konsternaasje: wie de opslach fan Paul Dijkstra yn of net? De skiedsrjochter joech 'm bûten en dus waard it 1-1.
Dêrnei naam Minnertsgea ôfstân: twa kear sloech Hans Wassenaar kwea op 6-6 en ek Paul Dijkstra sloech de bal in kear bûten. Mei in boppeslach brocht Hans Wassenaar Bitgum wol werom, mar de oplibbing duorre net lang: mei twa kear 6-2 pakte Minnertsgea de lêste twa buordsjes.
It is de tsiende kear dat de nasjonale titel nei Minnertsgea giet. Kootstra (30) wie der al seis kear by, Jacob Wassenaar (42) fiif kear en Bergsma (27) trije kear.
De ûntlading wie grut by Kootstra, ek omdat it dit seizoen noch net geweldich rint. "We moatte der sa tsjinoan knokke, it sit ús net mei. Mar de heale finale wienen we hjoed skerp en de finale begûnen we ek goed."
De Bûnspartij is ien fan de fjouwer partijen fan it Klaverke Fjouwer: de fjouwer wichtichste keatspartijen. Njonken de Bûnspartij binne dat de Freule, de Jong Nederlânpartij en de PC.
Der binne twa keatsers dy't hjoed harren Klaverke Fjouwer kompleet meitsje kind hienen: Allard Hoekstra (Frjentsjer) en Peter van Zuiden (Boalsert). Hoekstra kaam lykwols net fierder as de earste omloop, Van Zuiden waard yn de fjirde omloop útskeakele.
Der stienen dit jier 59 partoeren op de list: trije mear as ferline jier en santjin mear as twa jier lyn.