Wurdt Taeke Triemstra de bêste keatser oait? "Potferdikke, hy is sa tichtby"

Taeke Triemstra © Dijks Fotografie
26 punten. Dat is wat Taeke Triemstra skiedt fan de titel bêste keatser fan alle tiden. De Sint-Jabuorster hopet noch foar de PC fan begjin augustus dy titel op syn namme te krijen.
Foar it ivige keatsklassemint kinne keatsers punten fertsjinje. Helje je de krâns, dan krije je trije punten. In twadde plak smyt twa punten op en in tredde plak ien punt. Al sûnt 1990 stiet de top fan it klassemint fêst: yn dat jier gong Piet Jetze Faber nei 28 jier Hotze Schuil foarby.
© Omrop Fryslân
Yn de earste twa wedstriden fan it keatsseizoen helle Triemstra noch gjin punten. Op de ôfdielingswedstriid yn Weidum kaam er net fierder as de twadde omloop. Ofrûne snein yn Frjentsjer wie it partoer fan Tjisse Steenstra yn de earste omloop te sterk.
Al hie Triemstra, mei opslagger Gert-Anne van der Bos en achterynse Erwin Zijlstra, wol kânsen om Steenstra-en-dy út te skeakeljen. Se kamen foar, mar makken it net ôf.
Noch foar de PC wol Taeke Triemstra de bêste keatser oait wêze
De jacht fan Triemstra op de nûmer-ien-posysje fan it punteklassemint wurdt op 'e foet folge troch famylje, freonen en konkurrinten.

Gert-Anne van der Bos

Sûnt 2010 keatst Triemstra yn in partoer mei opslagger Gert-Anne van der Bos. "Yn jannewaris binne we begûn mei trainen. Dan hawwe je it deroer", seit Van der Bos. "Sa fan: 'Bliksem, noch 26 puntsjes. We steane tichtby. Of: Taeke stiet tichtby.' It soe geweldich wêze as it bart."
Van der Bos hat respekt foar de prestaasjes fan Triemstra, hielendal mei yn de achterholle de tsjinslaggen dy't syn maat oerwûn hat. "Ast sjochst nei wat er meimakke hat: mei syn skouderblessuere en de sykte fan Bechterew. Dan is it 'petje af'. Dan is er in grut sportminsk."
Taeke Triemstra en Gert-Anne van der Bos © Dijks Fotografie
Wol moat Triemstra yn de eagen fan Van der Bos wach wêze. En net té fier foarút sjen. "Hy moat earst Hotze Schuil mar ris pakke", seit Van der Bos, dy't sels op plak alve stiet yn it punteklassemint.

Gerdien Schreuder

De suksessen fan Triemstra wurde mei mooglik makke troch it thúsfront. Tegearre mei partner Gerdien Schreuder hat de 40-jierrige Triemstra trije famkes. En it keatsen kombinearje mei in drokke thússituaasje, dat is wolris dreech. Schreuder: "It giet net allinnich om keatsen by ús thús."
"Ik relativearje alles wol wer. We steane mei beide fuotten op de grûn. Keatsen is mar bysaak, dan binne der wol oare dingen dy't belangriker binne", fertelt Schreuder, dy't efter de misje stiet fan Triemstra om de bêste keatser oait te wurden. "Dat snap ik en dêryn stypje ik him. Hy hat altyd fanatyk west, wol altyd traine en oeral wêze."
Gerdien Schreuder © Omrop Fryslân
Fansels is Schreuder grutsk op 'har' Taeke. Mar, oan de oare kant... "No is it normaal. Miskien dat je der letter noch mear grutsk op wêze kinne."

Marten Bergsma

De konkurrinsje wit ek mar al te goed wêr't Triemstra mei dwaande is. Sa as opslagger Marten Bergsma. "It is moai foar him. Hy hat der genôch foar dien. Mar wy wolle eltse kear fan him winne, it leafst sa faak mooglik", warskôget Bergsma, dy't respekt hat foar syn konkurrint.
"It is in hiel goeie foarynse. Sa simpel is it. Hy kin in spul brekke op guon slaggen", fertelt Bergsma. "We moatte Taeke de bal net foar him en net boppe him jaan. Dan is er op syn sterkst. Dat slachje is fenomenaal."
Marten Bergsma © Dijks Fotografie
Nettsjinsteande dat Bergsma mei maten Dylan Drent en Hendrik Kootstra der alles oan dwaan sil om it Triemstra sa lestich mooglik te meitsjen, binne de lokwinsken der as er it wol hellet. "Dan skodzje ik him de hân en is it petsje ôf. Want it is net hiel simpel."

Fré en Reinder Triemstra

Doe't Taeke noch in lytse Taeke wie, gienen mem Fré en syn beppe mei him mei nei de wedstriden. "Hy fûn it altyd prachtich. Hy woe altyd keatse. En as se dat wolle, binne je al in hiel ein."
Heit Reinder wit noch dat Hotze Schuil geregeld mei Taeke prate. "Dit is in echte topper, sei Hotze. Mar dan ferwachtsje je fansels noch net dat er sa fier komt en safolle punten helje sil."
No't er sa ticht by is, potferdikke. Dan hoopje ik ek dat er it hellet.
Heit Reinder oer soan Taeke Triemstra
De misje fan harren soan hâldt heit en mem ek bot dwaande. "Ik hie der mei dy punten net iens erch yn", seit Reinder. "Tinkst earst: it is ûnmooglik om safolle punten as Piet Jetze te pakken. Mar no't er sa tichtby is, potferdikke, dan hoopje ik ek dat er it hellet."
De kaai ta sukses is neffens mem Fré de dissipline dy't Taeke eltse kear wer opbringe kin: meardere kearen yn 'e wike traine en je lichem op en top fersoargje. "It is hiel spesjaal as it slagget. Je binne der hiel grutsk op."
Mem Fré en heit Reinder Triemstra © Omrop Fryslân
Dêr slút heit Reinder him by oan. "Ik wit wat er derfoar dien hat. It is net samar kaam. Ik fyn it prachtich", seit de âld-keatser.
Ta beslút nei de haadrolspiler sels. Nei de man dy't seis kear de PC wûn, wêrfan santjin jier lyn foar it earst. De doe 23-jierrige Triemstra waard kening nei't er de finale wûn mei Johan van der Meulen en Kor Zittema. De lêste PC-oerwinning wie yn 2021.

Taeke Triemstra

"Kinst sizze dat it net sa is, mar as je de punten pakke foar it klassemint, is it in histoarysk seizoen. It is ek in grutte kâns dat it myn lêste seizoen is", fertelt Triemstra. "Dus der komt wol in bysûnder jier oan."
Mocht it dochs dit seizoen bot ôffalle en Triemstra hellet de punten net, giet er noch in jier troch. Want hy wol de nûmer ien wurde.
Taeke Triemstra © Dijks Fotografie
Dat syn doel bot oansprekt yn de keatswrâld, fernimt Triemstra op de fjilden. "Krijst der hieltyd mear fragen oer. Earst freegje se hoe't it is en dêrnei begjinne se oer de punten."
Foarich jier helle Triemstra 38 punten yn in seizoen dat hy omskriuwe wol as "net iens top". Dus is it realistysk om yn dit seizoen it gat mei Faber te tichtsjen. "Dat moatte je foar de PC helje kinne. Dat soe it moaiste wêze. It sil wol in aparte tiid wurde, as je de lêste trije punten helje kinne. Dan kin it eltse wike."
It is wol wat ûnwerklik as ik dêrboppe kom te stean.
Taeke Triemstra wol Piet Jetze Faber en Hotze Schuil foarby yn it klassemint
Gewoanwei is de PC it haaddoel fan it seizoen, mar dat leit foar Triemstra no wat oars. Fansels wol er de wichtichste partij op syn namme skriuwe. Mar it grutte doel is de nûmer-ien-posysje yn it ivige keatsklassemint.
Piet-Jetze Faber en Hotze Schuil foarby gean, dat is net samar wat, beseft Triemstra. "Dan hast it wol oer twa nammen yn de keatswrâld. It is wol wat ûnwerklik as ik der boppe kom te stean."