Frijeformaasje set útein: dit binne de haadklassepartoeren by de manlju

Komt Taeke Triemstra dit seizoen op plak 1 fan it ivige keatsklassemint? © Dijks Fotografie
Nei de ôfdielingspartij yn Weidum ôfrûne snein begjint dit wykein foar de manljushaadklassers it seizoen yn de frije formaasje. Understeande tsien partoeren sette yn Frjentsjer it seizoen útein, mei krekt as ferline jier trije dy't der op foarhân boppe útstekke.
© Omrop Fryslân

1. Partoer Tjisse Steenstra

Al jierren hearde Steenstra by de bêste keatsers fan Fryslân, mar op de PC woe it mar net slagje. Oant ferline jier, doe wûn er mei Hans Wassenaar en Renze Hiemstra de belangrykste partij fan it jier. Mar Steenstra wol mear: "Ik ha him foarich jier wûn en dêr bin ik hiel bliid mei, mar ik bin net tefreden oer hoe't ik him wûn ha."
© Omrop Fryslân

2. Partoer Gert-Anne van der Bos

Wurdt dit it jier dat Taeke Triemstra de bêste keatser ea wurdt? Yn it ivige punteklassemint stiet er no op 885, noch mar 26 punten achter koprinner Piet Jetze Faber. Ferline seizoen keatste Triemstra 38 punten byelkoar.
© Omrop Fryslân

3. Partoer Marten Bergsma

Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra rekken ferline seizoen yn topfoarm, mar twa wiken foar de PC rûn Drent in skouderblessuere op. Syn seizoen wie foarby. Mei ferskate ferfangers makken Bergsma en Kootstra it seizoen ôf. Drent is der snein wol wer by. "Noch net foar de folle 100 prosint, mar we sille sjen hoe't it giet. Ik bin sels ek hiel benijd."
© Omrop Fryslân

4. Partoer Menno van Zwieten

Menno van Zwieten begjint it seizoen as opslagger mei Gabe-Jan van Popta en Pieter Jan Leijenaar as maten. Dy lêste twa wûnen ein ferline seizoen noch mei Haye Jan Nicolay ferrassend de Van Aismapartij. Dat wie de earste kear yn 2022 dat net ien fan de boppeste trije partoeren wûnen.
© Omrop Fryslân

5. Partoer Haye Jan Nicolay

Haye Jan Nicolay bliuwt opslagger, mar no mei twa nije maten: Hessel Postma en Patrick Scheepstra. Postma foel ferline jier as foarynse alris yn by Bergsma en en Kootstra en liet him doe goed sjen. Scheepstra keatste earst mei Bauke Triemstra en Sjoerd de Jong, al waard dy lêste nei in blessuere in grut part fan it seizoen ferfongen troch Daniël Iseger.
© Omrop Fryslân

6. Partoer Auke Boomsma

Auke Boomsma keatste ferline seizoen ek al mei Tsjerk Elsinga, mar hie doe noch Hessel Postma yn syn partoer. Dy is dus oerstapt nei Haye Jan Nicolay. Hy wurdt no ferfongen troch in oar talint: de noch mar 17-jierrige Jan-Tymen Eisma. Hy foel ferline jier op de PC noch yn foar Erwin Zijlstra yn it partoer fan Van der Bos. Se hellen de heale finale.
© Omrop Fryslân

7. Partoer Johannes van der Veen

Johannes van der Veen en Jorn Lars van Beem pakten ferline jier ien tredde priis yn de frije formaasje, mei Rick Minnesma as achterynse. Dy lêste wurdt dit seizoen ferfongen Kevin Jordi Hiemstra. Hy keatste ferline jier noch mei Peter van Zuiden en Gerben de Boer.
© Omrop Fryslân

8. Partoer Remmelt Bouma

Remmelt Bouma wie ferline jier mar krekt op tiid fit foar de PC, mar pakte dêr mei Bauke Dijkstra en Evert Pieter Tolsma wol in tredde priis. Foar dit seizoen wurdt Dijkstra ferfongen troch âld-PC-winner (en kening) Allard Hoekstra.
© Omrop Fryslân

9. Partoer Peter van Zuiden

Hoekstra wûn dy PC yn 2018, mei Peter van Zuiden as opslagger. Dy giet it kommende seizoen yn mei Gerben de Boer en Rick Minnesma. Van Zuiden en De Boer foarmen ferline jier in partoer mei Kevin Jordi Hiemstra. Yn de frije formaasje behellen se ferline seizoen ien finaleplak.
© Omrop Fryslân

10. Partoer Patrick van Dellen

Patrick van Dellen, Thomas Dijkstra, Steven Koster keatsten ferline seizoen ek al mei-elkoar. Se foarmje gemiddeld it jongste partoer fan de tsien haadklassers. Ferline jier hellen se twa kear de finale. Ofrûne wykein foel Van Dellen wol blessearre út by de ôfdielingspartij yn Weidum, hy is der dit wykein noch net by. Syn ferfanger is snein Wytze Wassenaar.
Kreaker yn de earste omloop
De lotting foar de earste frijeformaasjepartij hat fuortendaliks in kreaker opsmiten. Al yn de earste omloop treffe twa fan de trije toppartoeren inoar: dy fan Steenstra en Van der Bos. It partoer fan Bergsma nimt it yn de earste omloop op tsjin dat fan Van Zuiden. De oare partijen binne dy tusken Van Dellen en Boomsma, Van der Veen en Bouma en Nicolay en Van Zwieten.