Fenomeen Taeke Triemstra stjit Piet Jetze Faber fan earste plak yn ivich klassemint

It siet der it hiele seizoen al oan te kommen en hjoed wie it raak. Troch finaleplak op de haadklassewedstriid yn Ljouwert is Taeke Triemstra syn puntetotaal op 886 kommen. Dêrmei is hy no de nûmer ien yn it ivige punteklassemint.
As Triemstra mei Gert-Anne van der Bos en Erwin Zijlstra de finale fan de Rengerspartij wint, dan komt hy op 887 punten.
Triemstra helle de kopposysje binnen troch Menno van Zwieten, Gabe-Jan van Popta en Pieter Jan Leijenaar mei 5-4 6-6 te ferslaan. Yn de earste omloop hienen Triemstra-en-dy al ôfrekkene mei Patrick van Dellen, Thomas Dijkstra en René de Haan (5-1 6-0).
Op 18 juny fan dit jier passearre hy yn eigen wenplak Sint Jabik al de Harnzer leginde Hotze Schuil. No moat ek keatsikoan Piet Jetze Faber in stapke tebek dwaan.

Piet Jetze Faber naam op sneon 8 septimber 1990 de lieding yn it punteklassemint oer fan keatskening Hotze Schuil. 'De Lange' hie de nûmer-ien-posysje op 19 augustus 1962 oernaam fan in oare topper, Taede Zijlstra. Yn dit rychje yllústere nammen stiet no op it heechste plak de namme fan Taeke Triemstra.
Al yn de jeugd wie it dúdlik dat Triemstra oer bysûndere keatskwaliteiten beskikte. Hy hie de goeie genen mei krigen fan syn heit Reinder dy't ek jierren op it heechste nivo keatst hat.
De kwaliteiten fan soan Taeke wurde ek troch it grutte publyk sjoen doe't hy yn 1999 as grutte útblinker foar Sint Jabik de Freulepartij wist te winnen. Doe seinen de kenners it al: "Dy jonge komt der wol."
Flugge trochbraak yn de haadklasse
Binnen it jier stie Triemstra al yn it 'grutte spul'. Op woansdei 2 augustus 2000 keatste er syn earste PC. Mei René Jansse en Henk Vlietstra pakte hy dy dei mei in tredde priis syn earste punt op de haadklasse.

Yn septimber fan dat jier stie er foar it earst mei de krâns om de nekke foar de bestjoerstinte. Yn Snits wie hy mei Johan Okkinga en Sake Porte dy dei de bêste.
It jier derop stie Triemstra op 'e nij achter Sake Porte yn it perk op de PC. It waard in twadde priis diskear. Ien ding wie helder: de namme fan Triemstra as útsûnderlik talint wie yn hiel koarte tiid ek op it heechste nivo fêstige.
Earste krâns en keningskip op de PC
De earste krâns op de PC kaam yn 2006 om de skouders fan Triemstra. Mei Johan van der Meulen en Kor Zittema fleagen se dy dei troch de list. Triemstra waard kroand ta kening; in eare dy't hy dêrnei net wer krije soe. Wol folgen der noch fiif oerwinnings en de nedige twadde en tredde prizen op de belangrike klassiker. Safolle, dat Triemstra yn it ivige PC-klassemint no op it twadde plak stiet, mei 35 punten. Twa punten minder as Hotze Schuil.
Dat klassemint kin Triemstra dus ék noch pakke. Fan de 22 PC's dy't Triemstra keatst hat, foel hy mar leafst njoggentjin kear yn de prizen. In ûnwierskynlik heech gemiddelde.

Triemstra hat ek op de bekende klassikers behoarlik skoard. De Freulepartij is al neamd. De Bûnspartij wûn er twa kear: yn 2008 en 2012.
De PC waard oant no ta seis kear wûn: de Van Aisma-partij yn Bitgum stiet fiif kear op de namme fan Triemstra. Op de Aldehou (gjin frije formaasje!) wie hy mar leafst sân kear de bêste. De Jong Nederlân-partij hat er net wûn, dus gjin klaverke fjouwer foar Triemstra.
De punten wurde binnenhelle
Nei syn earste punt op de PC fan 2000 kamen de punten yn rap tempo achter Triemstra syn namme te stean. Op 19 july 2004 trochbruts hy de hûndertpuntegrins yn Makkum. En sa kamen de punten per jier mei grutte regelmjittichheid binnen.
18 juny 2023 wurdt in moaie dei foar Triemstra. Mei de preemje yn syn eigen doarp Sint Jabik pakt hy it twadde plak yn it klassemint en ferdriuwt hy de leginde Hotze Schuil nei it tredde plak. Klassemintslieder Piet Jetze Faber stiet dan noch njoggen punten foar op Triemstra. Dy punten wit hy te pakken yn Berltsum, Boalsert, Huzum en Ljouwert. Dêrmei hat it keatsen sûnt 33 jier wer in nije klassemintslieder.
Trouwe maten, grutte suksessen
Yn de 23 jier dat Triemstra aktyf west hat op de haadklasse, hat er yn ferskate formaasjes keatst. Johan van der Meulen wie sa'n maat. Mar ek Tjisse Steenstra, Kor Zittema en Jochum Bouma. Op snein 27 juny 2010, kamen Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger yn it no sa bekende oranje shirt foar it earst it fjild op yn Berltsum. Om út te groeien ta de meast suksesfolle formaasje ea, mei mar leafst 64 oerwinnings.
Triemstra keatst ûndertusken trettjin jier mei Gert-Anne van der Bos. Dy gearwurking hat him mear as 450 punten opsmiten, wêrûnder 117 earste prizen.
It wie net altyd merke
Je soenen hast tinke dat Triemstra allinnich mar suksessen en goeie tiden meimakke hat. Mar sa is it no ek wer net. Der binne wis ek teloarstellings te neamen. Nim bygelyks de PC-finale fan 2012. Doe ferlear hy de finale fan Hendrik Tolsma, René Anema en Thomas van Zuiden. In desepsje foar Triemstra.

Yn 2018 stie Thomas van Zuiden wer ultym sukses yn it paad. Mei syn broer Peter en Allard Hoekstra wûnen sy doe de finale. Op 'e nij in dreun.
Ungemak en sykte
Triemstra hat ek noch geregeld te krijen hân mei lichaamlik ûngemak. Sa bruts er ris twa fingers. Ek in brutsen 'middenvoetsbeentje' hat him dwers sitten.
It seizoen 2014 wie foar Triemstra in min seizoen. It skouder liet it ôfwitte. It labrum, dat is it kreakbien dêr't it skouder oan fêst sit, liet los. In swarte perioade wie it gefolch. Op de PC fan 2014 moast er nei twa omlopen syn plak ôfstean oan Jacob Wassenaar, dy't mei Gert-Anne van der Bos en Daniël Iseger de oerwinning oer de streep luts.
Triemstra liet him lykwols troch dat ûngemak net fan syn doel ôf hâlde. Withoefolle sprekkeamers fan doktoaren en terapeuten hat hy fan binnen sjoen. Spesjale behannelings yn de klinyk yn Naarden wienen meastal in bysûnder pynlike ûnderfining. Gûlend siet er soms yn de auto wer werom nei hûs. Mar Triemstra moast en soe troch. Hy waard operearre en moast refalidearje.

Triemstra knokte mei alles wat er yn him hie foar it fuortsetten fan syn keatskarriêre. Hy trainde him it snot foar de eagen. En dat docht er noch altyd. Ek yn de winter. Omdat it moat, want úteinliks die bliken dat hy ek noch de sykte fan Bechterev hat, in foarm fan ûntstekkingsreuma. Mei in dissipline dy't by de kommando's net misstean soe, wist hy syn libben sa yn te rjochtsjen dat topkeatsen noch altyd mooglik is.
De húshâlding
De húshâlding fan Taeke Triemstra libbet it libben mei it keatsen as sintraal punt. Syn frou Gerdien en de trije bern moatte nochal wat oanpassings dwaan om Triemstra syn sport optimaal bedriuwe te litten.
Yn gearwurking mei heit Reinder, mem Fré en skoanheit Nanning (mei altyd skoanmem Baukje dy't te betiid ferstoarn is, yn gedachten) wurdt in soarte fan kollektyf foarme sadat al dy ynspannings en de tiid dy't deryn stutsen wurdt, opbrocht wurde kin.
Ein fan karriêre?
It is no klear; Triemstra kin dermei ophâlde, soene je tinke kinne. Mar sa tinkt er sels net. Triemstra wit dat er ien kear ophâlde kin. Dan komt er net werom. Mar salang't hy prizen wint en der nocht oan hat, sil er trochkeatse.
Taeke Triemstra, in sportman yn ieren en sinen. In fenomeen mei each foar it grutte gehiel en de wrâld om him hinne. En dus wurdt er yn de takomst bestjoerslid fan de KV Het Noorden yn Sint Jabik.
Om wat werom te dwaan foar de sport dy't him safolle brocht hat.