Lotting 170e PC fan Frjentsjer bekend: dizze partoeren nimme it woansdei tsjininoar op

De lotting fan de 170e PC is moandeitejûn bekend makke yn De Koornbeurs yn Frjentsjer. Sechstjin partoeren stride woansdei om de belangrykste keatspriis fan it jier.
Der binne in pear partoeren dy't der útspringe. De koprinner is it partoer fan Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar. Sy ha seis oerwinningen oant no ta en binne ek de winners fan de PC fan ferline jier. Yn de earste omloop treffe sy it partoer fan André van Dellen.
It partoer Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra stiet op trije oerwinningen dit seizoen. Sy ha as 13e lotte tsjin it partoer fan Haye Jan Nicolay.
Oare favoriten binne de partoeren fan Menno van Zwieten-en-dy, Marten Bergsma-en-dy en Johannes van der Veen-en-dy.
Sjoch hjirûnder hokker partoeren it tsjininoar opnimme yn de earste omloop fan de PC:
De fjouwer toppartoeren binne útinoar lotte: twa sitte yn it earste blok fan acht en twa yn 'e ûnderste helte fan de list. Hans Wassenaar wit noch net oft de lotting geunstich útpakke sil foar syn partoer. Nei alle gedachten sille sy te meitsjen krije mei Marten Bergsma-en-dy en dat kin dreech wurde.

Lêste PC foar Wassenaar

It is foar Wassenaar syn lêste PC. Hy beseft it noch net hielendal. "It is in keuze dy't ik bewust makke ha", seit er dochs mei in bytsje dûbeld gefoel.
"Ik ferwachtsje dat ik folgjend jier thús oan de radio sit en dat it dan wol even yndale sil dat ik dit soart dingen net mear meimeitsje sil. Dit binne altyd spannende wiken en dêr ha ik altyd hiel bot fan genietsje kinnen."
Wassenaar hat yn syn keatskarriêre al alles wûn wat er te winnen falt, mar wol noch ien kear sjen litte wat er kin. Hy hopet woansdei te winnen. "Der moat eins noch krekt in PC by om it goed smeitsje te litten."
De PC stiet woansdei 2 augustus de hiele dei sintraal by Omrop Fryslân. Fan de earste oant de lêste slach kinst de wedstriid live folgje op de radio en fia in liveblog op ús webside en ús app. Fan 14.00 oere ôf is de wedstriid live op telefyzje en fia de stream op ús webside te sjen.
Taeke Triemstra waard yn De Koornbeurs even ekstra yn it sintsje set. Triemstra pakte earder dizze moanne de lieding yn it ivige keatsklassemint. Hy krige blommen en de wikselbeker fan de PC foar syn prestaasje.
Taeke Triemstra krijt de wikselbeker fan de PC © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Dit binne alle dielnimmers oan de 170e PC fan Frjentsjer:
  1. Marten Bergsma, Kees van der Schoot, Hendrik Kootstra
  2. Peter van Zuiden, Gerben de Boer, Willem Heeringa
  3. Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra, Hans Wassenaar
  4. André van Dellen, Pieter Jan Plat, Jurrit Osinga
  5. Wierd Baarda, Michel van der Veen, Jari Visser
  6. Corné Tuinenga, Bauke Dijkstra, Jelmer Miedema
  7. Paul Dijkstra, Steven Koster, Rick Minnesma
  8. Youri de Groot, Jelle Cnossen, Johan Sipma
  9. Johannes van der Veen, Jorn Lars van Beem, Kevin Jordy Hiemstra
  10. Menno van Zwieten, Gabe-Jan van Popta, Pieter Jan Leijenaar
  11. Remmelt Bouma, Allard Hoekstra, Evert Pieter Tolsma
  12. Patrick van Dellen, Thomas Dijkstra, René de Haan
  13. Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra, Erwin Zijlstra
  14. Haye Jan Nicolay, Hessel Postma, Patrick Scheepstra
  15. Bauke Triemstra, Hendrik Jan van der Velde, Riemer Hoekstra
  16. Jelle Attema, Gerrit Jan Duiven, Hendrik Bouwhuis