Omrop Fryslân

Partoer Steenstra wint generale repetysje en giet as favoryt nei PC

Tjisse Steenstra, Hans Wassenaar en Renze Hiemstra
© Dijks Media
De grutte favoryt foar de PC yn Frjentsjer fan kommende woansdei - it partoer fan Tjisse Steenstra - hat snein yn Arum de generale repetysje wûn. Yn de finale wienen se te sterk foar Menno van Zwieten.
It wie de fjirde kear dit jier dat Steenstra en Van Zwieten tsjinoerelkoar stienen yn de finale fan in frijeformaasjepartij. De earste trije wienen allegear in proai foar Van Zwieten, Gabe-Jan van Popta en Pieter Jan Leijenaar.
Diskear gong de finale oant 2-2 lykop, mar dêrnei rûnen Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar rap út en op 5-2 6-4 wie it klear. Yn de heale finale hienen Steenstra-en-dy ôfrekkene mei Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra.
Tjisse Steenstra, fjouwer dagen foar de PC: "It is noch net top"
Steenstra en syn maten ha dit jier no seis fan de fyftjin frijeformaasjepartijen wûn en geane troch dizze oerwinning ek mei in goed gefoel nei it Sjûkelân woansdei.
Van Zwieten en Van der Bos ha elk trije oerwinningen en ek it partoer fan Marten Bergsma mei ta de favoriten rekkene wurde, mei fiif finaleplakken dit seizoen (twa oerwinningen).

Winners frije formaasje 2023

Winner Ferliezend finalist
7 maaie, Frjentsjer Menno van Zwieten Tjisse Steenstra
14 maaie, Menaam Johannes van der Veen Gert-Anne van der Bos
25 maaie, Sint Anne Gert-Anne van der Bos Marten Bergsma
4 juny, Dronryp Tjisse Steenstra Marten Bergsma
11 juny, Stiens Tjisse Steenstra Bauke Triemstra
18 juny, Sint Jabik Tjisse Steenstra Gert-Anne van der Bos
25 juny, Berltsum Gert-Anne van der Bos Menno van Zwieten
2 july, Harns Menno van Zwieten Tjisse Steenstra
7 july, It Hearrenfean Tjisse Steenstra Marten Bergsma
9 july, Boalsert Marten Bergsma Gert-Anne van der Bos
16 july, Huzum Gert-Anne van der Bos Paul Dijkstra
19 july, Minnertsgea Menno van Zwieten Tjisse Steenstra
23 july, Ljouwert Tjisse Steenstra Gert-Anne van der Bos
29 july, Seisbierrum Marten Bergsma Gert-Anne van der Bos
30 july, Arum Tjisse Steenstra Menno van Zwieten
By de froulju gong de oerwinning yn Arum nei de grutte favoriten: Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra. Se hienen al fjouwer fan de fiif frijeformaasjepartijen wûn en wienen no wer it sterkst. Yn de finale tsjin Annet de Haan, Iris Oosterbaan en Sjanet Wijnia waard it 5-2 6-4.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.