Bergsma pakt yn Seisbierrum twadde oerwinning fan it seizoen
It partoer fan Marten Bergsma hat it haadklassekeatsen yn Seisbierrum wûn. Yn de finale fan de foarlêste partij foar de PC wiene te sterk foar it partoer fan Gert-Anne van der Bos.
De finale gong earst lykop. Bergsma, Kees van der Schoot en Hendrik Kootstra kamen mei 1-0 en 2-1 foar, mar Van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra koenen bybliuwe.
Dêrnei gong it wol hurd, want Bergsma-en-dy stienen gjin inkeld buordsje mear ôf. Sa pakten se op 5-2 6-4 har twadde dei-oerwinning fan it seizoen. Ek op 9 july yn Boalsert wienen se te sterk foar it partoer fan Van der Bos, al wie it doe spannender, mei alles oan 'e hang.
Van der Schoot: "Miskien wol myn bêste dei fan it seizoen"
De lytse preemje yn Seisbierrum gong nei Menno van Zwieten, Gabe-Jan van Popta en Pieter Jan Leijenaar.
Moarn is yn Arum de generale repetysje foar de PC fan kommende woansdei. De lotting foar de PC is moandeitejûn.