Sjûkelân út alle macht ôfwettere: hâlde de PC-keatsers drûge fuotten?
Hoe komt it mei it Sjûkelân? In wichtige fraach, no't de PC foar de doar stiet en der noch hieltyd buien falle. "It is wiet. Dat klopt", seit boumaster Teunis Bakker nochteren. "Mar wy moatte rêstich bliuwe."
Troch alle buien is it keatsfjild wieter as oars. Mar Bakker leit noch net wekker fan spûkbylden fan in dweiltrochwiet Sjûkelân. "It falt noch ta. Der sit in enoarm goede drainaazje ûnder it fjild", seit er.
Hy moat wol tajaan dat de wietigens it dreger makket as oare jierren. "Wy meie absolút net mei grut ark op it fjild en dêr't it nedich is, brûke wy rydplaten ûnder de masinen. Wy moatte der hjir en dêr wol om tinke en it duorret wat langer, dat is ferfelend."
Ofwetterjen fan it fjild
Gemeente Waadhoeke soarget der as behearder foar dat it fjild sa goed as mooglik ûnderhâlden wurdt. Foar René Kamstra is it wol in grutte útdaging. "Oan it spylfjild kinne wy net in soad feroarje. De drainaazje rint, de matte is ticht, it sân is sa opboud dat it goed wetter ferwurkje kin."
Opslachplakken en paden
Dêr't hy mear noed oer hat, dat binne de kuierpaden om it Sjûkelân hinne. "Wy sitte benammen yn oer hoe lang oft de paden it hâlde." Der binne koartlyn luchtgatsjes yn prikt, om lucht yn de grûn te bringen en it wetter ôf te fieren.
It spylfjild bliuwt aardich goed. "Mar opslachplakken sille geandewei de dei wol in probleem wurde", sa ferwachtet Kamstra.
It is in hiele útdaging, seit er. "Mar it is natuer, wat binnen ús macht leit, dat dogge wy. Fier foar de PC úteinset binne wy al yn tarieding: wy soargje derfoar dat de gersmatte sa fol as mooglik stiet mei gers. Wy siedzje it fjild troch en by, wy werstelle de spylskea."
It waar: der komt wer rein
It is noch net dien mei de rein, foarseit waarman Jan Jonkman. "Tiisdei yn de iere moarn hawwe wy al te krijen mei rein en storein. Yn de rin fan de moarn komt de folgjende steuring, dy bringt wolken en út en troch wat sinne, mar ek in pear pittige buien en tonger."
Op de PC-dei sels is de moarns noch in drûge perioade. "Mar dêrnei in ôfwikseling fan wolken, sinne en inkelde pittige buien. Dêr kin sels in klap tonger yn sitte", jout Jonkman oan.
Yn de jûntiid falt der ek in 'bak wetter', seit hy. "Mar dan is de PC hooplik wol ôfrûn."
Boumaster Bakker is net sa maklik fan it stik te bringen. "Wy sjogge it as it falt. Wy moatte rêstich bliuwe en wy dogge der alles oan om it te mijen. Mear kinne je net dwaan."
"Moarnmiddei om 16.00 oere nimme wy in gleske bier en dan hawwe wy it fjild klear. Dat is altyd noch slagge, dat sil dit jier ek slagje", sa beslút er.