Taeke Triemstra is 'bêste keatser ea': "Histoarysker as PC winne"

Nei de winst yn de twadde omloop fan de Rengerspartij yn Ljouwert wie it punt binnen foar keatser Taeke Triemstra. It punt wêrmei't hy de lieder waard yn it ivige keatsklassemint. It punt dat hy nedich hie om Piet Jetze Faber foarby te gean.
"Oft dit moaier is as it winnen fan de PC?", werhellet Triemstra de fraach dy't hy nei de oerwinning yn de twadde omloop (5-4 en 6-6 tsjin it partoer fan Menno van Zwieten, Gabe-Jan van Popta en Pieter Jan Leijenaar) krijt. De keatser moat der sels efkes om laitsje.

Nei in lange stilte komt it antwurd: "Dit komt minder faak foar fansels, de PC hat elk jier wer in winner. En hoewol't dy partij oars is as alle oaren, is dit miskien krekt wat histoarysker."
Ik wist dat ús heit 400 punten hie yn it ivige klassemint.
Triemstra is benammen de lêste jierren op jacht gien nei de kopposysje yn it klassemint, fertelt hy. "Ast my oan it begjin fan myn karriêre frege hiest hoefolle punten oft de ivige nûmer ien hie, hie ik dat net witten. Ik wist dat ús heit hast 400 punten hie, dus dêr hast it wol ris oer. Dat it leuk wêze soe om likefolle punten as heit te heljen."
Skouderblessuere
Doe't Triemstra deryn slagge nei in skouderoperaasje wer op nivo te kommen, kaam it ivige klassemint yn syn holle. "Ik hie doe in pear hele goede jierren. Dan begjinst fansels te rekkenjen. Hoe fier kin ik komme?"

De 40-jierrige foarynse gie Piet Jetze Faber foarby, wylst syn heit yn it publyk siet. "Ik hie it miskien noch wol leaver helle yn Minnertsgea, want dêr sieten in soad freonen yn it publyk. Mar dat ús heit derby is (hy lei koartlyn noch yn it sikehûs, red.) makket it ek wol hiel bysûnder. En de Rengerspartij is ek in prachtige wedstriid fansels. It is in moai momint foar it lêste punt."
It beslissende momint dat Taeke Triemstra boppe-oan it ivige klassemint komt