Triemstra lit earste kâns op lieding yn ivich keatsklassemint lizze

It is Taeke Triemstra yn Minnertsgea noch net slagge om de lieding yn it ivige keatsklassemint te pakken. Yn de heale finale stroffele er mei syn maten oer it partoer fan Menno van Zwieten, de úteinlike winners.
Dêrmei bliuwt Triemstra foarearst op 884 punten stean yn it klassemint, noch hieltyd ien minder as Piet Jetze Faber.
"Ik woe 'm hjir pakke", sei Triemstra nei ôfrin. "Elkenien rekkene derop, dat sjochst ek wol oan it publyk."
De reaksje fan Taeke Triemstra nei it ferlies yn Minnertsgea
De frijeformaasjepartij yn Minnertsgea wie Triemstra syn earste kâns om Faber te passearjen yn it klassemint. Dan moast er op syn minst de finale helje. It begjin wie goed: mei sterk spul wûn Triemstra mei syn maten Gert-Anne van der Bos en Erwin Zijlstra mei 5-1 6-2 fan it partoer-Bergsma.
Foar in finaleplak moasten se dêrnei noch wol winne fan Van Zwieten, Gabe-Jan van Popta en Pieter Jan Leijenaar. Mar dêr't it yn de earste omloop sa soepel rûn by Van der Bos, mei in soad sitballen, gong it no tige dreech: trije kear op 6-6 gong it beslissende punt nei Van Zwieten. Benammen opslagger Van der Bos wie it kwyt.

Op 5-1 6-4 wie it dien. "Dat mei net gebeure", fynt Triemstra. "We ha it hiele seizoen noch net ferlern fan dy manlju. Se keatse goed, mar it wie fan ús kant ek gewoan swak."
Keatsers dy't gewoanwei de haadpriis winne by in haadklassepartij, krije trije punten. Ferliezend finalisten pakke twa en foar de winners fan de lytse preemje is der noch ien punt.
Omdat der yn Minnertsgea mar acht partoeren op de list steane, krije de healefinalisten gjin punt.
Dat partoer fan Van Zwieten hie in goede dei, want yn de finale lieten se ek de oare topfavoryt kânsleas: tsjin Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar waard it 5-1 6-4.
Foar Van Zwieten-en-dy is it de tredde oerwinning yn frije formaasje fan dit seizoen. Yn de finale wie elke kear it partoer fan Steenstra de tsjinstanner.
Revâns Triemstra?
Triemstra krijt kommende sneon yn Dokkum in nije kâns om it rekôr te pakken. Op de trochelkoarlotterspartij yn Dokkum foarmet Triemstra dan in partoer mei Tjisse Steenstra en René de Haan. Yn de earste omloop nimme se it op tsjin Gert-Anne van der Bos, Renze Hiemstra en Hendrik Kootstra.
Slagget it yn Dokkum net, dan kin it snein op de Rengersdei yn Ljouwert.
Winst Tuinenga
By de froulju gie de winst, net ferrassend, nei Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra. Sy wienen yn de finale te sterk foar Aletta van Popta, Jeska Terpstra en Gerde Lycklama à Nijeholt.