Twa meter lange kickbokser út de Wâlden nei Glory: "Hij kan van Rico Verhoeven winnen"
Martin Terpstra is de earste Fryske kickbokser dy't foar Glory fjochtsje mei. Glory is de Champions League fan it kickboksen, de grutste kickboksorganisaasje fan de wrâld.
Rico Verhoeven is de bekendste kickbokser fan Glory. Hy is de wrâldkampioen. Ek kickboksers as Badr Hari, Jamal Ben Saddik en Alistair Overeem sitte by Glory. No dus ek in kickbokser út Damwâld. En dat wylst Terpstra al 36 jier is. "Ik heb onbetaald verlof opgenomen en ga er nu pas echt fulltime voor."
Martin Terpstra fan Damwâld
Dat Terpstra no by Glory meidwaan mei komt benammen troch syn wrâldtitel by Enfusion. Sis mar de Europa League fan it kickboksen. Terpstra pakte yn septimber 2022 de wrâldtitel troch yn it titelgefjocht Nadil Bchiri út België knock-out te slaan.
13 winsten op knock-out
"Net na het einde van ronde twee gaf hij me nog een tik. Mijn trainer haalde me weg en ik kon nog even een minuutje bijkomen. Mijn tegenstander was nogal emotioneel. Binnen een minuut raakte ik hem daarna twee keer en toen was het klaar."
Dêrfoar wûn Terpstra al in wedstriid dy't organisearre waard troch Glory. Sa komt hy yntusken op in resultaat fan 26 wedstriden. Dêrfan ferlear hy der fiif, mar wûn hy 21 kear. En dêrfan wiene 13 kear op knock-out.
Glory Grand Prix
Earstfolgjende wedstriid is 19 augustus. Mei trije oaren makket Terpstra kâns op dielnimming oan de Glory Grand Prix. Dat is in toernoai op ien dei dêr't acht kickboksers oan meidogge.
It is de opfolger fan it K1-toernoai, dat elts jier organisearre waard yn Japan. Nederlânske mannen as Peter Aerts, Remy Bonjasky en Ernesto Hoost wûnen dit toernoai alris.
Ik heb Rico Verhoeven het liefst zo snel mogelijk als tegenstander.
Mar om mei te dwaan oan dizze Glory Grand Prix moat Terpstra yn Rotterdam earst twa oaren ferslaan. Bahram Rajabzadeh út Iran, Uku Jürjendal út Estlân en Mohammed Amine út Marokko binne de tsjinstanners. Earst bokst er yn de heale finale, as er dy trochkomt stiet er dêrnei tsjin de winner fan de oare heale finale.
En neffens syn trainer Stefan Berkepas fan Kyoku Gym kin Terpstra dat toernoai winne. "Honderd procent. Martin is daar de grote favoriet. Hij is veel groter en sterker dan die anderen."
As Terpstra him dan pleatst foar de Grand Prix, kin hy dat dan ek winne? Berkepas: "Ja, dan gaat hij daar ook als favoriet naartoe. Dat is geen grootspraak. Alle kenners van de vechtsport weten dat Terpstra er aan komt."
Grutte man fan it kickboksen is op dit stuit Rico Verhoeven. Hy is no wrâldkampioen, mar ek swier blessearre oan syn knibbel. Dêrom bestiet der in ynterim-wrâldkampioen. Tariq Osaro hat dy titel no en mei it aanst opnimme tsjin Terpstra.
De ynterim-wrâldkampioen alris ferslein
Mar Terpstra hat trije jier lyn alris wûn fan dizze Osaro. Terpstra: "Het is drie jaar geleden, maar je weet het dus nooit. Het zegt wel wat. Er is een kans."
Terpstra moat him earst pleatse foar de Grand Prix. Mooglik docht Verhoeven dêr oan mei en is der sadwaande in kâns dat hy tsjin Verhoeven bokse mei.
Mar dy kâns wurdt ek grutter as hy de Grand Prix wint. Dat hy mei dan stride om de wrâldtitel. Allegear noch fier fuort, mar neffens coach Berkepas allegear net ûnrealistysk. Sterker noch, Berkepas achtet de kâns fyftich prosint dat Terpstra dan ek wint.
"Rico is nu met van alles en nog wat bezig. Hij wil filmster worden, zit in Hollywood. Het liefst heb ik dat Martin zo snel mogelijk tegen hem vecht." Dat hat neffens Berkepas benammen te krijen mei it feit dat Terpstra der no alles foar docht.
"Zelfs als hij een wedstrijd heeft gehad, gaat hij meteen door. Hij neemt nauwelijks rust. Het talent om altijd maar door te trainen en door te gaan, is bij hem heel groot."
En dêrtroch is it fertrouwen grut. "En ja, dat is geen grootspraak. Hij kan van Rico Verhoeven winnen."