SC Cambuur kontraktearret 20-jierrige Italiaan fan AC Milan

© ANP
Sc Cambuur hat in nije oanfaller kontraktearre. De 20-jierrige Italiaanske Youns Gabriele El Hilali komt fan AC Milan.
El Hilali hat by Cambuur in kontrakt tekene foar twa jier mei in opsje foar noch in jier.
Hy kin sawol yn de spits spylje as yn de links- of rjochtsbûten posysje. El Hilali spile hjirfoar foar it alvetal fan AC Milan ûnder de 19 jier.
De 20-jierrige Italiaan Youns Gabriele El Hilali komt oer fan AC Milan
De Italiaan is woansdeitemiddei offisjeel presintearre troch Cambuur. Syn namme gie benammen op de sosial media al in skoftke rûn. El Hilali wol him by Cambuur ûntwikkelje.
Hy tinkt dat it fuotbal yn ús lân hiel geskikt is om as jonge spiler troch te groeien en tinkt dat hy hjir mear kâns hat as yn Italië. De jonge Italiaan is him hiel goed bewust fan de omjouwing dêr't hy telâne komt.

Wedstriden bestudearre

Op de fraach oft hy earder al fan Cambuur heart hat, seit hy dat hy in tal wedstriden besjoen hat, benammen de wedstriden fan Cambuur tsjin SC Hearrenfean. El Hilali sjocht in posysje achter de spits as meast ideale posysje foar him, mar hy kin ek op de fleugels út de fuotten.
Technysk direkteur Etiënne Reijnen oer de nijste oanwinst