Aldste boksskoalle fan Nederlân jubilearret: "We dûsten op it platdak"

Haadtrainer Piet Rozendaal kaam as 14-jierrich jonkje by Frisia © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De âldste noch aktive boksskoalle fan Nederlân fiert syn jubileum: Frisia út Ljouwert bestiet 90 jier. Op de skoalle sieten grutheden as Rudi Koopmans, Lolle van Houten en Johan van der Meulen.
It is yn 90 jier hiel wat profesjoneler wurden by Frisia. Piet Rozendaal is mear as 20 jier haadtrainer by de klup, hy kin him de boksskoalle noch heuge fan doe't er as 14-jierrich jonkje nei in boppewenninkje yn de Monnikemuurstrjitte gie.
"Yn in keammerke hienen se wat touwen spand. As je nei binnen gienen, moast je troch in lûk. Dat lûk moast wol wer ticht, want oars foelst nei ûnderen ta. En as we dûse moasten, gienen we op it platdak stean en dan wie it de kâlde dûs derop. Je wienen net oars wend."
Boksferiening Frisia út Ljouwert bestiet 90 jier
De lokaasje oan de Tylkedam hat mear foarsjennings. In doek mei foto's is de Wall of Fame fan de boksskoalle. "Hjir stean in protte bekende minsken op. Dizze manlju, Jan Akkerman en Johnny van der Kooi, dy hawwe my hjirhinne helle", wiist Rozendaal oan.
"Dit is myn foarganger, Rudy Scheer. En dat is myn broerke Jan. Dy libbet net mear, mar dy bokste hjir doe ek noch. En dit binne jonges dy't in soad betsjut hawwe foar de bokswrâld."
De bekendste foto is dy fan Rudi Koopmans yn gefjocht mei Alex Blanchard om de Europeeske titel yn 1982. "Dat is in heroyske foto", fynt Rozendaal. "Ik tink dat dat ien fan de alderbekendste gefjochten west hat fan ús profsport yn Nederlân."
Boks en Atletiek Vereniging Frisia is in klup mei in rike histoarje. Mar ek mei takomst. "We staan er goed voor", seit Siep Jan Riedstra, foarsitter fan Frisia. "We hebben nog nooit zoveel leden gehad."
"We hebben een stuk of twaalf wedstrijdspelers en tien trainers. De sfeer is goed en we hebben en heel mooi team. Over tien jaar bestaan we honderd jaar. Dan zijn we de koninklijke boxschool Frisia. Wie had dat verwacht?"
Boksskoalle Frisia bestiet 90 jier © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Frisia hat ek in gruttere sosjale funksje krigen. Sa wurkje se mei probleemjongeren yn gearwurking mei SC Cambuur yn it projekt Dreamschool. En mei Fier Fryslân mei slachtoffers fan misbrûk en loverboys. Dêrnjonken jout Frisia bokstrainingen oan minsken mei parkinson (sûnder kontakt).
Om it jubileum te fieren is der yn it WTC in boksgala mei in ynternasjonaal swiergewichtwedstriid en acht leden fan Frisia yn ferskillende klassen. De kaarten wienen al twa wiken yn it foar útferkocht.