Doelpuntefeest foar sc Hearrenfean yn twadde oefenduel: 11-0 yn Aldemardum

sc Hearrenfean tsjin de regioseleksje fan Gaasterlân-Sleat yn Aldemardum © Martin de Jong
sc Hearrenfean hat tongersdeitejûn ek syn twadde oefenwedstriid wûn. In regioseleksje fan Gaasterlân-Sleat waard yn Aldemardum mei 11-0 ferslein.
De iepeningstreffer kaam fan Roan van der Plaat. Yn de 12e minút skeat de rjochtsback de bal hurd yn de touwen nei in lege foarset fan links. Thom Haye makke der seis minuten letter 2-0 fan.
Hearrenfean krige yn de earste helte genôch kânsen om de foarsprong fierder út te bouwen, mar keeper Andries Zijlstra fan de regioseleksje wist de bal út syn doel te hâlden. Yn de 45e minút miste Haye noch in penalty.

Doelpuntefeest nei it skoft

Anas Tahiri sette de stân yn de earste twa minuten nei it skoft, mei twa rake strafskoppen, op 4-0 foar Hearrenfean. In skoftke letter makke Pelle van Amersfoort dêr 5-0 fan. Dêrnei foelen de doelpunten yn rap tempo.
Hussein Ali, Xavi Woudstra (2x), Tibor Hallilovic, Safouane Karim (2x) brochten de einstân op 11-0 yn it foardiel fan sc Hearrenfean.