sc Hearrenfean wint earste wedstriid fan de tarieding mei dûbelde sifers fan Wolvegea

Thom Haye mei in fan © Omrop Fryslân, Arjen de Boer
Sportklup Hearrenfean hat moandei de earste oefenwedstriid yn de tarieding op it nije seizoen wûn. Op Sportpark Molenwiek yn Wolvegea wie de earedivyzjeklup mei 0-14 te sterk foar twaddeklasser FC Wolvega.
Hearrenfean spile yn beide helten mei in oare opstelling. Likegoed spilers fan it earste as fan de jeugd krigen spylminuten. Yn de twadde helte makke nije spiler Charlie Webster syn earste minuten yn it pompeblêdeshirt.
By it skoft wie it al 0-5 troch doelpunten fan Xavi Woudstra, Pelle van Amersfoort (twa kear), Mats Köhlert en Alex Timossi.
Yn de twadde helte foelen der noch folle mear doelpunten. Roan van der Plaat, Melle Joop Witteveen (twa kear), Ché Nunnely, Thom Haye (fjouwer kear) en Ilyas el Moussaoui bepaalden de einstân op 0-14.