Charlie Webster earste simmerske oanwinst fan Kees van Wonderen

Charlie Webster is de earste nije spiler fan sc Hearrenfean. De 19-jierrige middenfjilder wurdt foar ien seizoen hierd fan Chelsea.
Fiif wiken lyn hat Webster in besite brocht oan it Abe Lenstra stadion en hat hy heard oer wat Hearrenfean mei him fan doel is. Algemien direkteur Ferry de Haan is kontent mei de komst fan de mearfâldich Ingelsk jeugdynternasjonal.
"Hij kan op meerdere posities op het middenveld uit de voeten, maar zal ook echt moeten wennen aan het 'grote mannen voetbal'. Wat dat betreft wil hij in zichzelf investeren. Gelijk na zijn bezoek heeft hij bij zijn management aan gegeven dat hij hier wil voetballen."
Mentaliteit
De Haan: "Webster is een dynamische middenvelder, zeg maar een echte box-to-box speler. Hij heeft een geweldige mentaliteit en naar dat soort voetballers zijn we op zoek."
Sneontemiddei om 14.30 oere stiet de earste training fan Hearrenfean op it programma. Dy wurdt ôfwurke op it Skoatterwâld. Charlie Webster sil dêr ek by wêze.