SC Cambuur en sc Hearrenfean begjinne nije seizoen mei thúswedstriid

Supporters fan SC Cambuur © ANP Foto
Beide Fryske betellefuotbalklups begjinne it seizoen 2023/24 mei in thúswedstriid. Sc Hearrenfean spilet op sneon 12 augustus tsjin RKC Waalwijk, wylst SC Cambuur it op freed 11 augustus opnimt tsjin kollegadegradant FC Emmen.
De wedstriid fan Hearrenfean wurdt om 18.45 oere ôftrape. Cambuur begjint op it tiidstip dat takom seizoen fertroud wurde sil: freedtejûn om 20.00 oere.
It giet noch wol om in konseptspeelskema. It folsleine konsept mei alle spylrondes makket de KNVB op woansdei bekend.