Henk de Jong hat syn libben werom: "Ik bin gewoan wer normaal"

Henk de Jong © Orange Pictures
It is goed twaenheal moanne lyn dat Henk de Jong syn holle iepenhelle waard foar in riskante operaasje. Foar it earst nei de yngreep docht de 58-jierrige Drachtster syn ferhaal.
De kyste yn de holle is net hielendal fuorthelle. It middelste part derfan is weiknipt, op syn eigen oantrunen. "De sydkanten flutterje noch wat, sil ik mar sizze. Dy binne fergroeid mei de senuwen", fertelt De Jong yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
Yn it lêtst foar de operaasje slepte ik 20 fan de 24 oeren.
Henk de Jong
De operaasje fan ein maart yn it sikehûs yn Nijmegen gie goed. Mar doe't De Jong wer thúskaam, kamen der holleklachten. De soargen wiene sa grut, dat de ambulânse him wer nei Nijmegen brocht. Dêr knapte De Jong op en stapke foar stapke gie er foarút. Oant en mei de dei fan hjoed.
It entûsjasme is werom by De Jong, dy't him nei eigen sizzen 'top' fielt. Dat wie yn de earste moannen fan dit jier wol oars. "Ik koe neat mear. Yn it lêst foar de operaasje slepte ik 20 fan de 24 oeren. Ik hie gjin libben mear, want ik koe ek gjin prikkels ha. Ast op in panne sloechst by it iten sieden, hie ik al lêst."
Henk de Jong hat syn libben werom
Dat De Jong gjin libben mear hie, makke ek dat er de riskante operaasje oandoarde. Want it wie beslist net sûnder risiko's. "Kinst ek deagean. It is wol hiel raar wat ik sis, mar ik tocht: net seure, ik moat my deljaan en leauwe yn de doktoaren. En dan sjoch ik it wol", seit de man, dy't noch altyd ûnder kontrakt stiet by Cambuur.
It hiele ferhaal fan Henk de Jong is moandei te sjen en te beharkjen yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. It programma stiet middeis online, is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Moandeitejûn om healweis achten is it programma op telefyzje.
It libben laket him wer ta. Hûndert prosint fit is De Jong noch net, mar hy wurket der nei ta om dat wol wer te wurden. It wichtichste is dat de wille yn it libben werom is. "Ik bin gewoan wer normaal. Ik kin hjir gewoan sitte, kin oeral wer hinne en hoech net mear hieltyd op bêd."
De tiid dat er tweintich oeren deis op bêd lei, is foarby. "Moarns om kertier oer seizen stean ik op en dan ha ik itselde sin as jûns om tsien oere. Ik ha de ôfrûne tiid gjin ien kear mear slept oerdeis", glimket De Jong.
Henk de Jong is tige populêr yn Ljouwert © Orange Pictures