Reijnen net benaud foar twa kapiteins op it Cambuurskip: "Geen onwerkbare situatie"

Der leit nochal wat op syn buordsje: it segryn fan foarich seizoen fuortspiele, it gearstallen fan in nije seleksje en it oplossen fan de kwestje fan de twa haadtrainers. De nije technysk direkteur fan SC Cambuur, Etiënne Reijnen, wol der noch net safolle oer kwyt.
It binne de trije haadûnderwerpen dy't oan de oarder komme yn de Sportcast, wêryn't Reijnen oanskoot. Twa wiken lyn is er offisjeel presintearre yn Ljouwert, mar op de eftergrûn is Reijnen al moannen dwaande mei syn baan as technysk direkteur.
Segryn fan foarich seizoen fuortspiele
It is no in moanne lyn dat bekend waard dat Cambuur offisjeel degradearre. De negativiteit dy't dat mei him mei brocht, moat sa gau mooglik ferdwine, fynt Reijnen. Hy sjocht wer foarút nei it folgjende seizoen. "Wij willen zo hoog mogelijk eindigen met een bepaalde manier van voetbal."
Mar wat is dan dy wize fan fuotbaljen? "We moeten eerst terug naar waar we voor staan en dat is aanvallend voetbal. Dat mensen het stadion uitlopen en alweer zin hebben in de volgende wedstrijd", fertelt de 36-jierrige technysk direkteur.
En wat as Cambuur foldocht oan wat de fans wolle: oanfallend fuotbal? Reijnen: "Dan denk ik dat wij een heel vervelend ploegje zijn met een vervelend stadionnetje om tegen te spelen. Dan kun je echt verrassen."
Gearstallen fan in nije seleksje
Om't Reijnen foar it earst dizze funksje beklaait, wiene der op foarhân twivels oer syn netwurk. Dy hoege der no net mear te wêzen, fertelt er. "Op het moment dat bekend wordt dat jij volgend jaar technisch directeur wordt, gaat heel voetballend Nederland en buitenland jou zoeken. En ze gaan je vinden", ûnderfynt Reijnen.
En dus bout dat netwurk himsels wol op. "Je spreekt elke dag wel dertig verschillende mensen aan de telefoon."
It netwurk is fan grut belang by it finen fan nije spilers. Dêr is Reijnen drok mei. It moat ek, want achttjin spilers giene fuort. Watfoar posysjes hawwe no de prioriteit? "Rechtsback, defensief op het middenveld en aanvallend aan de buitenkant zoeken we versterking. Daar zijn we druk mee bezig."
Cambuurspilers dy't noch fuortgeane, kin fansels ek. Alex Bangura hat der gjin geheim fan makke dat er wat oars wol en yn it kontrakt fan Daniël van Kaam stiet in limitearre transfersom. Dochs is der noch gjin ien klup dy't him konkreet meld hat foar ien fan de Ljouwerter spilers, fertelt Reijnen.
Dizze wike wol de klup in nije assistint-trainer oanstelle, sadat de technyske stêf fan haadtrainer Sjors Ultee wer kompleet is.
Oplosse fan de kwestje fan de twa haadtrainers
Mei Ultee is de namme neamd fan de trainer fan Cambuur. Mar op de eftergrûn is Henk de Jong dwaande mei it weromkommen. Hy fielt him hieltyd better, ferskynt ek wer faker yn it iepenbier en hopet yn septimber wer oan it wurk te kinnen.
Dat dat mooglik ek wer as trainer kin, is neffens Reijnen noch fierstente betiid om te sizzen. "Henk moet eerst weer helemaal topfit worden. Ik ben bezig met Sjors, de staf en met de selectie. We zijn met zijn allen bezig en proberen Henk daarin te helpen om hem weer op 100 procent te krijgen. Ik schrik van hoe makkelijk jullie vooruitkijken."
Yn it jier dat Reijnen by Cambuur spile, wie De Jong de haadtrainer. No komme se inoar wer tsjin yn in oar fermidden. De suggestje dat twa kapiteins op ien skip foar problemen soargje kinne, dielt Reijnen net. "Er is helemaal geen onwerkbare situatie. Sjors is onze hoofdtrainer en daar gaan we het mee doen."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.