Ferdigener Rami Kaib ferlit sc Hearrenfean
Ferdigener Rami Kaib giet fuort by sc Hearrenfean. De linksback makket de oerstap nei it Sweedske Djurgårdens IF.
Kaib spile sûnt jannewaris 2021 foar sc Hearrenfean. Hy spile yn totaal 70 offisjele wedstriden foar de Friezen. Kaib skoarde dêryn twa kear en hy joech fiif assists.
Kaib wie net altyd fersekere fan in basisplak by Hearrenfean. Syn opfallendste momint wie miskien noch wol dat er blessearre rekke oan syn kaak troch it iten fan in woartel.
De yn Sweden berne ferdigener is ynternasjonal fan Tunesië.