Omrop Fryslân

Charlie Webster, de nije groeibriljant fan sc Hearrenfean "kin wol in bytsje fuotbalje"

Charlie Webster op de earste training
© Omrop Fryslân, Arjen de Boer
"Hy kin wol in bytsje fuotbalje." Dat seit Riemer van der Velde neidat hy de nijste oanwinst Charlie Webster sjoen hat yn de earste oefenwedstriid fan sc Hearrenfean tsjin FC Wolvegea.
Charlie Webster wurdt foar ien seizoen hierd fan Chelsea. De 19-jierrige mearfâldich jeugdynternasjonal fan Ingelân kin op meardere posysjes op it middenfjild út de fuotten en jildt al jierrenlang as ien fan de grutste talinten by de seisfâldich lânskampioen.

Noch doelpuntleas

Yn de earste oefenwedstriid fan dit seizoen tsjin twadde klasser FC Wolvegea makke Webster syn earste minuten yn it shirt fan sc Hearrenfean. Hearrenfean wûn mei 0-14, Webster skoarde net.
"Ik hie absolút in doelpunt skoare moatten", seit Webster nei ôfrin yn de gong fan de klaaikeamer. "Mar ik fûn it geweldich om hjir op it fjild te stean. Hooplik komme der noch folle mear wedstriden en fleane de ballen der dan wol yn."

Earefoarsitter is posityf

Under alle taskôgers ek earefoarsitter Riemer van der Velde. De man dy't ferantwurdlik wie foar de komst fan ûnder oaren Jon Dahl Tomasson, Klaas-Jan Huntelaar en Afonso Alves. Van der Velde fynt it te betiid om no al in definityf oardiel te jaan oer de kreative middenfjilder, mar is wol posityf.
"Hy wie ûngelooflik aktyf, al stie der wol wat te folle stroom op. Hy is technysk feardich, hat in grut aksjeradius, mar syn oersjoch is noch net sa grut. Sa hie hy mear skoare kinnen, mar miskien stie der wat te folle druk op."

Unikum foar Haye

Thom Haye skoarde tsjin de amateurs fan Wolvegea mar leafst fjouwer kear. "Dat is nog nooit eerder gebeurd", laket de middenfjilder. Haye stie yn de twadde helte mei Simon Olsson en Charlie Webster op it middenfjild.
"Charlie is er natuurlijk nog maar een paar dagen, dus het is lastig om daar nu al wat over te zeggen. Maar je ziet wel hoe hij de bal inspeelt, zijn balcontrole, zijn aannames. Hij doet heel relaxed meteen zijn ding, dat is wel opvallend."
Ik tink dat ik hjir in soad leare kin.
Charlie Webster
Charlie Webster: "Ik wie noch mar 9 jier doe't ik nei Chelsea ta gie en no bin ik by Hearrenfean om mysels te ferbetterjen as fuotballer. Der hawwe hjir mei Van Nistelrooij, Klaas-Jan Huntelaar en net te ferjitten Martin Ødegaard geweldige fuotballers spile. Se witte by Hearrenfean hiel goed hoe't se jonge spilers better meitsje kinne en ik tink dat ik hjir in soad leare kin fan de 'topplayers'."
Ek op trainer Kees van Wonderen makke Webster yn syn earste minuten foar Hearrenfean in positive yndruk. "Het was fris en leuk om naar te kijken. Hij heeft veel dynamiek naar voren en naar achteren. Je ziet dat hij veel energie heeft."
Charlie wilde maar één ding en dat was naar Heerenveen.
Algemien direkteur Ferry de Haan
Fia de nije haadskout Kenneth Zandvliet kaam Hearrenfean Webster op it spoar. Zandvliet wie by Chelsea de ôfrûne jierren as ynternasjonaal skout ferantwurdlik foar it skouten fan jong talint yn Europa.
Algemien direkteur Ferry de Haan: "Kenneth komt van Chelsea en hij noemde de naam van Webster meteen al. Toen zijn we zelf ook gaan kijken en dan zie je dat hij voor ons absoluut een interessant profiel heeft. Zes weken geleden was hij bij ons op de club en toen hebben we een presentatie gegeven en daarna wilde hij nog maar één ding en dat was naar Heerenveen."

'Hie wol skoare moatten'

"Hij deed het in een eerste oefenwedstrijd heel behoorlijk, al had hij wel minstens twee keer moeten scoren. Hij moet even wennen, maar je ziet wel dat hij het spelletje begrijpt, maar we moeten hem wel de tijd geven", seit de algemien direkteur.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.