Omrop Fryslân

It heechste punt fan it nije Cambuurstadion is berikt, oer in jier moat bou klear wêze

© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
De bou rûn al fertraging op en der binne problemen mei de stroomfoarsjenning. De bou fan it nije Cambuurstation ken sa syn djiptepunten. Mar woansdei is der in hichtepunt: it heechste punt fan de bou is berikt.
It Cambuurstadion begjint hieltyd mear foarm te krijen. De mylpeal fan it berikken fan it heechste punt wurdt fierd mei in seremoanje. Der wurdt al 20 jier praat oer in nij stadion. Yn de simmer fan 2024 hopet Cambuur de earste wedstriid hjir te spyljen.
Algemien direkteur Ard de Graaf is wiis mei it stadion oant no ta. "Als je hier nu staat daar krijg je wel kippenvel van. We zien allemaal wat dit gaat worden, dit is een joekel van een tribune, het hoogste punt is nu gemonteerd en het dak en dat is geweldig voor de hele stad, voor de regio, voor de club, het is een fantastisch moment."
It heechste punt fan it nije Cambuurstadion is berikt
It nije stadion moat plak biede foar 15.000 fuotbalfans, mar dat net allinnich. Ek skoalmienskip Firda, it eardere Friese Poort, krijt dêryn in plak. Fansels heart by de bou fan sa'n nij ûnderkommen in tiidskapsule, sadat yn de fiere takomst noch ris weromsjoen wurde kin op dit unike momint.

Fertraging

De fertraging fan de bou fan it stadion hat alles te krijen mei de drege perioade dêr't de bou yn úteinset is, seit Joan Veenstra, adjunkt-direkteur fan boubedriuw Van Wijnen. "We ha net de moaiste periode hân om it stadion te starten. Oekraïne hat doe meispile, de hege priisstigingen en de levertijd, mar dat is no achter de rêch", seit Veenstra.
Hy ferwachtet dat de situaasje de kommende moannen stabyl bliuwt. Yn desimber sil nei alle gedachten de bou fan it stadion klear wêze, mar dan haldt it noch net op. It stadion wurdt dan kasko oplevere en Cambuur is sels ferantwurdlik om it ôf te bouwen. "Er moeten kleedkamers komen, stoeltjes, een veld, verlichting, dat hele plan zijn we nu in elkaar aan het sleutelen", seit De Graaf.

Seis miljoen euro

In âlde berekkening sei dat der sa'n seis miljoen euro foar nedich is, mar dat sil troch ynflaasje heger útpakke. As it jild de kommende tiid noch net byinoar is, sil de klup beslute om guon romtes yn it nije stadion noch leech te litten of genoegen te nimmen mei in minder heech nivo ôfbou.
Ard de Graaf oer de bou en de takomst
"We moeten hier onze supporters en sponsoren goed ontvangen. Maar we moeten hier ook wat geld kunnen verdienen, dus daar moeten we met partijen alle aandacht voor hebben. Dingen die nog wat minder van belang zijn, daarvan kunnen we ook zeggen: dat doen we dan wat later, op het moment dat we wel genoeg geld hebben", seit De Graaf.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.