Omrop Fryslân

SC Cambuur nimt Remco Balk oer fan FC Utrecht

Remco Balk
© Dijks Fotografie
Remco Balk stapt oer fan FC Utrecht nei SC Cambuur. It ôfrûne seizoen waard de oanfaller al ferhierd oan de Ljouwerters.
No komt it dus ta in definitive oerstap. Dêrtroch mei de 22-jierrige fuotballer fan Zuidhorn him de kommende twa seizoenen offisjeel Cambuurspiler neame. Der sit yn it twajierrich kontrakt fan Balk noch in opsje foar in ekstra jier.

"Fijn persoon"

Technysk direkteur Etiënne Reijnen is bliid dat Balk langer yn Ljouwert bliuwt. "Remco is een fijn persoon om in de groep te hebben en zorgt met zijn snelheid, energie en diepgang altijd voor het nodige gevaar", seit Reijnen op de webside fan de klup.
Cambuur sjocht takomst yn Balk neffens Reijnen. "Daarnaast hebben we de overtuiging dat hij zich bij ons nog verder door kan ontwikkelen en daar gaan we met elkaar alles aan doen." Hy hie noch in trochrinnend kontrakt by FC Utrecht, dus Cambuur sil nei alle gedachten in transfersom betelje.

Tredde nije spiler

It ôfrûne seizoen stie Balk tolve kear yn de basis by Cambuur, achttjin kear foel er yn. Hy makke ien kompetysjedoelpunt. Dat wie yn de útwedstriid tsjin PSV, dy't Cambuur mei 5-2 ferlear.
Balk is de tredde nije spiler fan Cambuur nei't de klup earder al keeper Yanick van Osch en middenfjilder Fedde de Jong fêstlei. Oankommende sneon stiet it trijetal foar it earst op it fjild, want dan begjint de ploech fan trainer Sjors Ultee mei de tarieding op it nije seizoen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.