Seizoen foarby foar sc Hearrenfean nei grutte nederlaach tsjin FC Twente

It seizoen sit derop foar sc Hearrenfean. De Friezen ferlearen snein yn de heale finale fan de play-offs om Europeesk fuotbal mei dúdlike sifers fan FC Twente (4-0). Twente hie de earste wedstriid ek al wûn. Yn it Abe Lenstra Stadion waard it doe 1-2.
Hearrenfeantrainer Kees van Wonderen hie twa wizigings trochfierd yn syn basisopstelling yn ferliking mei dy wedstriid. Jeffrey Bruma spile op it plak fan Pawel Bochniewicz en Pelle van Amersfoort stie yn de basis yn stee fan Simon Olsson.
Opstelling sc Hearrenfean: Noppert; Van Ewijk, Bruma, Van Ottele, Köhlert; Haye, Van Amersfoort, Tahiri; Colassin, Van Hooijdonk en Sahraoui.
Twente kaam al nei 11 minuten op foarsprong: Václav Cerný betsjinne Michel Vlap yn it strafskopgebiet. De Snitser yn Twintske tsjinst krige te folle romte fan Bruma en skeat fia de binnenkant fan de peal raak: 1-0.

Ek nei de iepeningstreffer wie Twente de bettere ploech. Doelman Andries Noppert koe Joshua Brenet noch mar krekt fan skoaren hâlde, mar yn de hoekskop dy't dêrop folge, wie it wol raak. Robin Pröpper reagearre alerter as Hearrenfeanferdigener Milan van Ewijk en kopte de 2-0 tsjin de touwen.
Hearrenfean machteleas
Hearrenfean sette dêr net tsjinoer, wylst Twente oanfallen bleau. Cerny wie krekt foar it skoft al tichteby de 3-0. Noppert hie noch in antwurd op dy ynset, mar in minút letter wie hy wol kânsleas doe't Joshua Brenet nei in geweldige counter foar de goal frij spile waard. De rjochtsback hie gjin problemen om dy kâns nei in doelpunt te promovearjen.

De earste kâns fan de twadde helte wie ek foar Twente. Manfred Ugalde ferskynde allinnich foar Noppert, mar dizze kear kaam de Jouster as winner út de striid.
Oan de oare kant krige Hearrenfean ek in mooglikheid. Osama Sahraoui krige de bal fan Thom Haye oanspile yn it strafskopgebiet. De Noarske oanfaller krige de bal lykwols net lâns Twentedoelman Lars Unnerstall.
Gas derôf
Twente spile nei it skoft wat minder mei it gas derop, mar dat betsjutte net dat Hearrenfean better yn de wedstriid kaam. Sterker noch: doe't Twente efkes oansette smiet dat in doelpunt op. Ramiz Zerrouki dribbele it strafskopgebiet yn en woe sjitte. Dat mislearre, mar de bal kaam wol foar de fuotten fan Virgil Misidjan. Dy makke de 4-0.
Hearrenfean snakke nei de ein fan de wedstriid en gelokkich foar de ploech fan Kees van Wonderen siet Twente al mei de holle by de finale fan de play-offs. It waard kwa skoare dus net slimmer foar Hearrenfean, dat no nei takom seizoen sjen kin.