Wedstriid tsjin Twente typearjend foar seizoen Hearrenfean: "Mei ups en downs"

Kees van Wonderen © ANP
"We beten niet genoeg van ons af", dat is de konklúzje fan Hearrenfeantrainer Kees van Wonderen nei ôfrin fan it duel tsjin FC Twente dat mei 1-2 ferlern waard. Hearrenfean moat dy efterstân snein yn Enschede goedmeitsje om noch kâns te meitsjen op Europeesk fuotbal.
En dat wurdt in swiere dobber, want Twente ferlear dit seizoen noch net yn eigen hûs. Wat dat oanbelanget, wie it ferrin fan de blessueretiid fan de wedstriid fan tongersdei ekstra soer.

Tsjingoal yn blessueretiid

Hearrenfean wie tichteby in resultaat; it stie op 1-1 en doe skeat Twenteferdigener Gijs Smal de bal tsjin syn eigen peal. In minút letter lei de bal der oan de oare kant wol yn fia Manfred Ugalde.
"Dat is jammer, want die marge had je net gewild om naar Twente af te reizen", seit Van Wonderen.
Kees van Wonderen tinkt dat Hearrenfean noch net kânsleas is
Hearrenfean begûn min oan de wedstriid. "We hadden een beetje te veel ontzag. We hadden moeite met de kwaliteiten die Twente op het veld had staan. In het laatste gedeelte van de eerste helft werden we wat brutaler."

Oar spulbyld

Yn de twadde helte wie it hielendal in oare wedstriid. Hearrenfean spile in stik better as yn de earste 45 minuten. "Ik vind het knap hoe we in de tweede helft voetbalden. Dat is een compliment waard", stelt de trainer.
De wedstriid die Van Wonderen tinken oan de earedivyzjewedstriid tusken beide ploegen earder dit seizoen. "Toen hadden we het in het begin ook moeilijk, maar werd de wedstrijd daarna ook anders, meer evenwichtig. Dat was nu ook zo. Hoewel ik wel vond dat wij de tweede helft comfortabel waren aan de bal en aanvallend meer inbreng hadden. Dat moet je zondag ook laten zien om daar een kans te maken."

"Bal waard fan rjochting feroare"

Doelman Andries Noppert hold Hearrenfean in pear kear oerein mei wichtige rêdingen. By de 1-2 makke de Jouster lykwols in minder yndruk. Hy liet de bal tusken syn fuotten troch gean. "Ik ha de bylden weromsjoen en hy wurdt op it lêste momint fan rjochting feroare. Dan wurdt dyn reaksjetiid koarter en wurdt it wat dreger", ferdigenet Noppert himsels.
"Mar by eltse tsjingoal sil ik ta de konklúzje komme dat ik wol wat oars dwaan koe."
Andries Noppert seach der net goed út by de 1-2
Noppert wie it mei syn trainer iens dat it ferskil tusken de earste en de twadde helte grut wie. "Yn de earste helte bist sa sloardich en ûnder de yndruk fan Twente en yn de twadde helte kamen we hiel oars út de klaaikeamer. Dat is it ferhaal fan it hiele seizoen: it giet mei ups en downs."

Fertsjinne oerwinning Twente

Nettsjinsteande it ferlies fan Hearrenfean stapte der dochs ien Fries bliid fan it fjild. Snitser Michel Vlap fan FC Twente seach dat syn ploech in belangrike oerwinning boekte. "Het voelt wel lekker. In de laatste minuut winnen, is altijd genieten. Ik vind dat we verdiend gewonnen hebben, al waren er wel momenten dat ik Heerenveen dreigend vond, goed vond spelen."
Michel Vlap wie de iennige tefreden Fries
Vlap wie ûnder de yndruk fan Hearrenfeanoanfaller Osame Sahraoui. "Ik vind hem echt een geweldenaar. Daar hadden wij heel veel moeite mee. In de tweede helft zag je dat hij vermoeider werd en dan zie je dat ze ook minder bij ons kwamen."