Andries Noppert wer opnaam yn seleksje Nederlânsk alvetal

Andries Noppert op it WK yn Katar © Orange Pictures
Doelman Andries Noppert fan De Jouwer is troch bûnscoach Ronald Koeman opnaam yn de seleksje foar it Nederlânsk alvetal yn de Nations League. Noppert makke ôfrûne snein nei moannen blessuereleed syn rentree by sc Hearrenfean.
Noppert makke ein foarich jier furoare op it WK yn Katar. Mei Oranje helle hy dêr de kwartfinales. Yn jannewaris rekke hy blessearre oan de ljisk. Snein wie hy wer genôch opknapt om mei te dwaan yn de wedstriid fan sc Hearrenfean tsjin Go Ahead Eagles.
Foar Koeman wie dat optreden blykber foldwaande om Noppert wer op te nimmen yn de definitive seleksje fan it Nederlânsk alvetal foar de Nations League finaleronde. Op 14 juny treft Nederlân yn de heale finale Kroäsië yn De Kuip yn Rotterdam. Fjouwer dagen letter folget in wedstriid tsjin Spanje of Italië. Dat is de finale of in wedstriid om it tredde plak.
Njonken Noppert binne ek doelmannen Mark Flekken en Justin Bijlow opnaam yn de seleksje.